Soad minsken moatte wenne oan autolij Snits: auto's yn de rige om te kearen

Start proef autolij Snits
Start proef autolij Snits © Omrop Fryslân
Yn Snits binne dizze wiken in soad giele hesjes te finen. Faak steat der in rige auto's achter dy't net mear fierder mei. De besikers fan de stêd moatte dúdlik noch wenne oan de maatregels dy't Snits autolij meitsje.
Guon automobilisten pakke har kâns noch even no't der noch gjin boetes útdield wurde, fertelt in ferkearsregeler, en dy ride gewoan troch. Foarearst krije dy auto's noch in warskôging.
Der binne noch in soad minsken dy't wenne moatte oan in autolij Snits
Fan 2 jannewaris ôf binne stikken fan De Singel, De Harinxmakade, Prins Hendrikkade en Kleine Kerkstraat fan 12.00 oere en 18.00 oere ôfsletten foar motorisearre ferkear. Bestimmingsferkear, lykas auto's dy't lade en losse, mei wol trochride.
De punten dy't net mear foar trochgeand ferkear tagonklik binne
De punten dy't net mear foar trochgeand ferkear tagonklik binne © Gemeente Súdwest-Fryslân
Minsken meitsje no manmachtich gebrûk fan parkearterreinen dêr't no fergees parkearre wurde mei.
Alle parkearplakken yn it sintrum bliuwe beskikber. Oeral is it earste healoere parkearjen fergees. Fierder kin de auto op de folgjende parkearplakken altyd fergees delset wurde:
  • P-Oost Normandiaplein (de Normandiagaraazje)
  • P-Noord Bolswarderpoort
  • P Station Sneek
  • P-West Theater (foarhinne Veemarktplein)
  • P-Zuid Waterpoort (foarhinne Boschpleingarage)
De mieningen oer de maatregels binne ferdield. Guon bale dat se omride moatte, en in eintsje rinne moatte foar't se by de slachter binne.
Fierder is der foar in soad minsken noch ûndúdlikheid, oer de boerden en oer wat no krekt wol en net mei.
Gemeenteriedslid en tabakferkeaper Sjoerd Hettinga is benaud foar in deastek foar it sintrum
Gemeenteriedslid en tabakferkeaper Sjoerd Hettinga is benaud foar in deastek foar it sintrum © Omrop Fryslân
"Minsken moatte omride, keare op de dyk, de parkearplakken binne te fier út it sintrum", seit gemeenteriedslid en tabakferkeaper Sjoerd Hettinga. "Ik wit ek net hoe't it komt mei leveransiers. Dat soarte dingen, dêr moatte je dochs as gemeente rekken mei hâlde."
Hy fynt dat guon oare gemeenteriedsleden te min affiniteit hawwe mei it bedriuwslibben. "It is ôfwachtsjen wat it docht, wy hoopje net dat it in folsleine deastek wurdt foar it sintrum."
De 'giele heskes' ha in soad te dwaan
De 'giele heskes' ha in soad te dwaan © Omrop Fryslân
"Mijn moeder is invalide en die parkeert normaal altijd voor de deur", seit in frou op it parkearterrein. "Ze vraagt zich nu wel af of ze nog wel dichtbij kan parkeren, of dat daar uitzonderingen voor zijn."

Gewoante

Oaren sjogge net sa'n probleem en tinke dat se der wol oan wenne kinne. "Miskien duorret dat wol even, dat ik earst noch út gewoante earne ynryd en omkeare moat", seit in oare frou.