KAART: Sjoch hjir foar de befolkingsgroei yn dyn gemeente

It tal nijberne poppen leit leger
It tal nijberne poppen leit leger © ANP
De befolkingsgroei yn Fryslân giet minder hurd as ferline jier. Yn 2023 kamen der foar elke 1.000 Friezen 4 ynwenners by. Ferline jier wiene dat noch 9.
Yn alle Nederlânske provinsjes foel de befolkingsgroei leger út as yn 2022, mar ek yn ferliking mei oare provinsjes is de groei yn Fryslân leech. Allinnich yn Seelân groeide de befolking minder hurd.
Dat Fryslân mei Seelân heart by de provinsjes mei de minste groei, komt benammen trochdat hjir mear minsken ferstoaren as dat der poppen berne waarden.
Klik op in gemeente om de befolkingsûntwikkeling fan ferline jier te sjen:
Dat de groei yn Fryslân minder hurd gie as in jier earder, komt ûnder oare trochdat der yn 2023 minder migraasje út Oekraïne wie as dêrfoar.

Groei troch migraasje

Yn hiel Nederlân wie de groei troch dy ynstream relatyf grut, leit haadsosjologe Tanja Traag fan it Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS) út.
"Maar in 2023 is die stroom aanzienlijk verminderd en dus nam de groei ook af. Als je naar Nederland als geheel kijkt, dan zit de groei alleen in migratie. Dus niet in het aantal kinderen dat geboren wordt, want dat is lager dan het aantal mensen dat overlijdt."

Fryslân fergrizet

Wat Fryslân oanbelanget, tekenet him neffens it CBS dúdlik fergrizing ôf. "Het is een provincie waar veel mensen overlijden omdat ze op leeftijd zijn, terwijl er relatief weinig kinderen geboren worden. Dus zit de groei in Friesland alleen maar in migratie vanuit het buitenland", seit Traag.
Yn Fryslân is dúdlik fergrizing te fernimmen
Yn Fryslân is dúdlik fergrizing te fernimmen © ANP
Yn 7 fan de 18 Fryske gemeenten wie der sels hielendal gjin sprake fan groei, mar fan krimp. Dêr is in ferskil tusken stêd en plattelân te sjen.

Stedsgroei te'n koste fan oare gemeenten

"Binnen de provincie heb je nog wel groei van bepaalde gemeenten omdat ze aantrekkelijk zijn om naartoe te verhuizen", seit Traag. "Bijvoorbeeld omdat er een nieuwbouwwijk komt. Maar andere gemeenten raken juist mensen kwijt."
Yn stedske gebieten is dus noch wat mear groei as dêrbûten. Sa wie de grutste groei yn Ljouwert en de measte omlizzende gemeenten. Dat hat ek te krijen mei de oanlûkingskrêft fan de hegeskoallen op jongelju.
It ûnderwiis makket dat in gemeente as Ljouwert noch groeit
It ûnderwiis makket dat in gemeente as Ljouwert noch groeit © ANP
"Er zijn veel gemeenten in Friesland met krimp. Juist de stedelijke gebieden, met een goede arbeidsmarkt, scholen en voorzieningen, trekken mensen aan."
Op de measte eilannen, mar ek yn Súdwest-Fryslân, naam it tal ynwenners ôf. "Buiten Ameland hebben alle eilanden te maken met krimp. Dat zijn gemeenten waar allerlei voorzieningen niet zijn, waardoor je naar het vasteland moet."
De folsleine Nederlânske befolking is nei skatting mei sa'n 140.000 minsken tanaam yn 2023, nei sa'n 17.9 miljoen minsken.
Ferline jier waarden der sa'n 165.000 bern berne, dat binne der hast 3.000 minder as yn 2022. De stjerte bleau relatyf heech, sa'n 169.000 minsken.