Rûte mei miniatuerpopkes troch Ljouwert dochs wer opboud, mei tank oan donaasjes

Michel Tilma mei syn 'miniature people' yn Ljouwert
Michel Tilma mei syn 'miniature people' yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De rûte fan de miniatuerpopkes yn de binnenstêd fan Ljouwert wurdt dochs wer makke. Dat hat inisjatyfnimmer Michel Tilma besletten, nei alle hertferwaarmjende reaksjes en de donaasjes dy't er de ôfrûne dagen krigen hat.
Yn fjouwer jier tiid hat Tilma op hast 70 plakken miniatuerpopkes oanbrocht, dy't allegear lytse ferhaaltsjes fertelle. Mar op twadde krystdei wie mear as de helte fan de 'miniature people' ferdwûn. Tilma hie it smoar yn.
Hy besleat dat er net mear fierder woe mei de rûte. "Alles wat ik in vier jaar heb opgebouwd, is in twee dagen vernield", sei er doe. "Het is de zoveelste keer dat dit gebeurt, ik ben er klaar mee."
In pear fan de miniatuerpopkes
In pear fan de miniatuerpopkes © Omrop Fryslân
No is syn gefoel dochs feroare, ûnder oare mei tank oan goed 5.000 euro oan donaasjes. "De komende dagen ga ik plannen maken hoe ik de route weer ga opbouwen", skriuwt Tilma op Instagram. "Dank ook voor alle steun die is aangeboden bij het herstellen."
Dat wurk docht er lykwols it leafste sels. "Omdat ik precies weet hoe elk tafereel opgebouwd moet worden en met welk materiaal."
Als ze er niet zijn, verzin ik andere taferelen.
Michel Tilma
De popkes hearre by in hiele rûte en fertelle mei-inoar in ferhaal. Oft dat allegear op dy wize wer makke wurde kin, is de fraach. "Ik ga kijken of dezelfde poppetjes er nog zijn. Ik krijg daarbij hulp van een modeltreinwinkel. En als ze er niet zijn, verzin ik andere taferelen. Een vervolgverhaal op de poppetjes die weg zijn geraakt."
De lokaasjes bliuwe yn alle gefallen itselde. Tilma ferwachtet yn maart of april alles wer klear te hawwen.

Gjin soargen

En benaud oft der wer wat fuort rekket? "Die kans is altijd aanwezig, maar ik durf het niet te zeggen. Dat gebeurde afgelopen jaren ook wel eens." Mar alle donaasjes soargje derfoar dat er trochgean kin. "Ik hoef niet te denken: hoe ga ik dit ooit betalen? Dat is de rust die ik nu heb."