Tim Prins bestoarmet reedrydtop: "Dat it sa rap gean soe, hie gjinien ferwachte"

Tim Prins nei syn twadde plak op it NK ôfstannen
Tim Prins nei syn twadde plak op it NK ôfstannen © Orange Pictures
It giet hurd mei de reedrydkarriêre fan Tim Prins. Hy makket freed syn debút op it Europeesk kampioenskip ôfstannen.
De 20-jierrige reedrider belibbet in goed earste seizoen by de senioaren. Op it kwalifikaasjetoernoai yn oktober wûn er ferrassend de 1.000 meter, wêrtroch't er de wrâldbekerwedstriden ride mocht.
Ofrûne sneon liet Prins sjen dat dy winst yn oktober gjin ynsidint wie. Op it NK ôfstannen helle er in sulveren medalje op de 1.000 meter efter ploechgenoat Jenning de Boo.
Dêrtroch rydt de Jouster kommend wykein syn earste toernoai by de senioaren, it EK ôfstannen. Ek pleatste er him foar it wichtichste fan it seizoen: it WK ôfstannen oer in goeie moanne yn Kanada.
Foar dit seizoen wie it doel fan Prins om syn persoanlike rekôrs te ferbetterjen. Dat slagget him hiel goed
Prins syn aktuele persoanlike rekôrs steane links, syn bêste tiden oant dit seizoen steane rjochts
Prins syn aktuele persoanlike rekôrs steane links, syn bêste tiden oant dit seizoen steane rjochts © Omrop Fryslân
Werom nei 27 septimber fan dit jier. De Reggeborgh-reedriders presintearje harren foar it nije seizoen oan it publyk. Under harren Prins, dy't begjin dit jier de oerstap makke nei de grien-swarte formaasje.

Net ferwachte

Omrop Fryslân-ferslachjouwer Roelof de Vries freget Prins: "We kinne net ferwachtsje datsto dit seizoen mei rydst mei manlju as Hein Otterspeer, Wesly Dijs en Kjeld Nuis, dochs?" It antwurd fan Prins is dúdlik: "Nee, dat tink ik net. Ik tink dat it gewoan noch net reëel is."
As we Prins dit ynterview foarlizze, begjint er te laitsjen. "Doe wie ik ûnwittend. Ik hie wol in goeie simmer draaid, mar ik moast wol fan fier komme. Ik fielde al wol dat it hiel goed gie, mar dat it sa rap gean soe, hie gjinien ferwachte. Wat goed is, komt fluch."
Tim Prins, reedriden
Tim Prins (links) op it poadium fan de 1.000 meter mei ploechgenoaten De Boo en Nuis © Orange Pictures
De hichtepunten folgje inoar dit seizoen dus fluch op foar Prins. Seis dagen nei syn NK-sulver stiet er alwer oan de start fan it EK.
"Fansels is sa'n twadde plak moai en bysûnder, mar ik bin ek wol sa nochteren dat ik wer frij gau nei de folgjende mominten sjoch. Dat binne hiel moaie mominten dêr't ik my graach jilde litte wol."

In moai neigesetsje

Dêr't de oare Europeeske reedriders harren al skoften talizze kinne op it EK, leit dat foar de Nederlanners oars. Dy hiene earst noch in NK dêr't se har pleatse moasten foar it EK.
Dat makket de tarieding wol wat oars. "It is foar ús wol wat in neigesetsje, mar wol in hiel moai neigesetsje dat ik hiel graach moai ôfmeitsje wol", seit Prins, dy't dit wykein ek noch reserve is op de 1.500 meter en de teamsprint.
Dat ik krekt dêr myn earste toernoai by de senioaren ride mei, is wol hiel moai.
Tim Prins
De Jouster fernimt dat hy op in oare wize nei it EK talibbet as nei it NK. "It is wol dreech om dy spanningsbôge, dy'tst kreëarrest rjochting it NK, heech te hâlden. Hielendal mei âld en nij dertusken. It tal oeren dat ik ferline wike sliept ha, helje ik dizze wike net", jout Prins ta.

As underdog

Ynternasjonaal sjoen komt de konkurrinsje op de 1.000 meter benammen fan de Amerikanen en de Aziaten. Kin Prins foar in EK-medalje gean?
"Ik moat in goeie rit ride en dan kin ik meidwaan foar it poadium. Mar ik timperje ferwachtings en krûp moai yn de posysje fan underdog."
Freed hopet Prins in nij haadstik ta te heakjen oan syn reedrydboek. Dat it EK yn Thialf is, jout it foar him noch wat ekstra lading. "Dat is myn stadion. Dêr kom ik al myn hiele libben. Dat ik krekt dêr myn earste toernoai by de senioaren ride mei, is wol hiel moai."
It programma fan de Friezen op it EK ôfstannen
It programma fan de Friezen op it EK ôfstannen © Omrop Fryslân