Henk Prins rommet Harnzer haven op, mar wurdt weiset as ‘gevaarlijke groene rakker’

Henk Prins by de seedyk
Henk Prins by de seedyk © Omrop Fryslân
De haven fan Harns soe ien kear yn de moanne opromme wurde moatte: dat is de grutte winsk fan Harnzer Henk Prins. Hy rommet al jierren de troep op dy't dêr it wetter yn waait.
Mei in sterke westewyn sammelet him in soad ôffal yn it wetter by de yndustryhaven fan Harns. It guod bliuwt driuwen yn in lytse glop. "Der binne al fiif fan dizze grutte bigbags folle mei ôffal", seit Henk Prins.
Al jierren strúnt Prins de seediken om Harns hinne ôf, op syk nei ôffal. Dat docht Henk woansdei ek, as der noch in soad rommel fan stoarm Henk leit.
Henk Prins rommet Harnzer haven op
Henk Prins moast wol laitsje om de namme fan stoarm Henk. "Henk komt deroan, ik hie it ek op Facebook set. It wie wol hilarysk. Oaren seine al, dan kinsto alles wer oprêde."

Hurd nedich

Dochs bliuwt it tryst dat it nedich is. "Tusken de basaltblokken leit noch fan alles. It is hast net te dwaan om dat derwei te krijen", fersuchtet Prins.
Oan de ein fan de yndustryhaven yn Harns spielt in soad ôffal oan
Oan de ein fan de yndustryhaven yn Harns spielt in soad ôffal oan © Omrop Fryslân
De measte rommel wurdt net perfoarst fuortsmiten, mar it waait it wetter wol maklik yn. "Dêr kin ik mei de holle net by. Dat se witte dat der in stoarm komt, mar der net ien is dy't maatregels nimt", seit Prins.
Hy sprekt de bedriuwen der geregeld op oan. Prins hat dêrtroch al in bynamme krigen fan guon minsken yn de haven: 'gevaarlijke groene rakker'.
De minsken moatte der wat mear omtinsken foar hawwe. It is gjin rocket science.
Henk Prins
Prins steurt him oan de nonsjalânse. "De minsken moatte der wat mear omtinken foar hawwe. It is gjin rocket science", seit hy. "Se hawwe gjin goed waste management."
As hy minsken of bedriuwen oansprekt, dan skowe dy al gau ferantwurdlikens ôf. "Dan sizze se: bewiis mar dat it fan ús komt."

In soad plestik

Prins komt krekt werom fan in slach by de seedyk del, by de kop fan de Ofslútdyk. Yn de efterbak fan syn auto leit it resultaat: "Trije fan dy grutte bakken dy't se brûke yn de mokselfiskerij, jerrycans en in soad lyts plestik."
De opbringst fan in koarte slach oer de seedyk by Surch
De opbringst fan in koarte slach oer de seedyk by Surch © Omrop Fryslân
Oan de seedyk by Roptasyl leit in soad troep op de dyk. Tusken tried fan fisknetten lizze tal fan doppen en oare lytse stikjes plestik. Prins trapet in âlde flesse waskmiddel stikken: "Dan is de lucht derút en haw ik mear romte."
De flesse falt nei in traap fuortendaalks yn in tsiental stikjes útinoar. "Dy leit dus al hiel lang yn it wetter. Folslein útdrûge fan de uv-strieling en it sâlte wetter. It is gjin dwaan om dy lytse stikjes op te romjen."
Henk Prins yn 't spier
Henk Prins yn 't spier © Omrop Fryslân
Prins docht it aldergeloks net mear allinnich. Der binne in soad minsken dy't lykas him mei ôffalpûden de striid oan gean tsjin de fersmoarging.
"Sjoch wrâldwiid wat der dien wurdt, wat Boyan Slat fan The Ocean Cleanup út it wetter hellet. Earst op de oseanen, no op de rivieren. Hy hellet der tonnen en tonnen út."

Syn 'juttersmuseum'

Dan liket it hjir oan de Fryske kust noch reedlik skjin. Dat is neffens Prins allinnich op it earste each sa. "Sjoch allinnich dit seewier hjir, mei dat plestik. Dat wurdt opromme, en dan? It giet de ôffaloven yn."
Prins hat yntusken bulten en bulten ôffal sammele. Hy hat in eigen 'juttersmuseum' by syn hûs, mei tal fan jerrycans, stjitwillen, peallen, plestik tonnen en piipskom.
Henk Prins by syn eigen 'juttersmuseum'
Henk Prins by syn eigen 'juttersmuseum' © Omrop Fryslân
"It is altyd in ferrassing wat je tsjinkomme. It is noait itselde. Dit krat sit fol mei guod fan de MSC Zoe. Allegearre fan dat prachtige guod út Sina", seit Prins. "Ik brûk it ek as edukaasjemateriaal, om sjen te litten hoe't it útinoar falt."
Oanspielde kratten waaie oer de seedyk hinne
Oanspielde kratten waaie oer de seedyk hinne © Omrop Fryslân
Prins hâldt al syn fynsten krekt by. "Ik set it op de foto, ik haw in database fan wol tsien jier. Dat soe mear dien wurde moatte."
Hy hat yntusken yn it ôfrûne jier al sa'n 600 fiskkratten út it wetter of fan de kust fiske. Prins is net fan doel op te hâlden.