Wetterskip fynt it sels ek spannend: 'Mar hjir ha we foar oefene'

Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân
Pier Schaper fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Oft it echt nedich is, witte je achterôf pas, mar by Wetterskip Fryslân wolle se it der net op oan komme litte. En dus lizze der sânsekken by de Boarn del, om de hûzen yn Aldeboarn te beskermjen.
"Anderhalf jaar geleden waren we hier ook", seit Pier Schaper fan it wetterskip. "Toen was het nog om te oefenen, nu voor het echt."
En it is dus in previntive maatregel. "Maar we verwachten dat we morgen ook op andere plekken in actie moeten komen, dus dan willen we niet op twee plekken tegelijk moeten zijn."
Yn Aldeboarn moatte sânsekken it wetter tsjinhâlde
It wetterskip wol it hege wetter dus hjir en dêr tsjinhâlde mei sânsekken. Dat giet om lytse stikken, seit Schaper. "Verder laten we nu ook bewust meer water in de polder, om de waterstand in de boezem te verlagen. Maar ook na vandaag verwachten we dat het water blijft stijgen, gemiddeld met 8 centimeter."
Lokaal sil dat derfoar soargje dat der maatregels nedich binne, hielendal omdat it wetterpeil oant en mei sneon noch oprint.
It wetter yn de Boarn stiet heech
It wetter yn de Boarn stiet heech © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Tongersdeitemoarn beslút it wetterskip oft de retinsjepolders iepenset wurde. Dat binne polders dy't dan tydlik oerstreame mei oerstallich wetter, om foar te kommen dat it wetter op oare plakken te heech komt. Oft dy polders moarn nedich binne, spant derom, neffens Schaper.
Yn totaal binne der 14 fan dy retinsjepolders, dy't mei-elkoar 6 miljoen kúb wetter opslaan kinne.
Ofrûne nacht wie ek spannend. "Toen het zo hard waaide, maakte ik me wel even zorgen. Vanochtend werd ik gerustgesteld, omdat er niet veel berichten binnen waren gekomen. Maar ik vind het wel spannend."