Wetterstân rint op: sânsekken en pompen moatte hûzen drûch hâlde

Sa wurde der sânsekken dellein yn Aldeboarn
Sa wurde der sânsekken dellein yn Aldeboarn © ProNews
De wetterstân yn Fryslân is yn de ôfrûne dagen 'behoarlik' oprûn. Dat meldt it wetterskip. Sânsekken en pompen moatte problemen foarkomme.
Ien fan de plakken dêr't sânsekken komme, is Aldeboarn. Dêr wurde fan 'e middei oer in lingte fan 240 meter 1.200 sânsekken dellein.
It wetter yn de rivier de Boarn stiet hast oan de râne.
It wetter yn de Boarn stiet heech
It wetter yn de Boarn stiet heech © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
Greiden komme ûnder wetter te stean, omdat it wetterskip safolle mooglik wetter opslaan wol yn de polders. "Bij alle te nemen maatregelen ligt de prioriteit op het beschermen van woningen en bedrijfsgebouwen", meldt it wetterskip.
Gemalen draaie 'op volle toeren' om it wetter fuort te pompen. It Woudagemaal stiet ek oan.
Woudagemaal
Woudagemaal © CAMJO Media
It wetterpeil yn de marren fan Fryslân is no 35 sintimeter ûnder NAP. Dat is hast 20 sintimeter boppe it streefpeil fan 52 sintimeter ûnder NAP. It wetterskip ferwachtet dat it wetterpeil oant sneon oprint, hoe bot oft der ek pompt wurdt.
De boaiem is al sa wiet, dat dy gjin ekstra wetter mear opnimme kin, meldt it wetterskip, en trochdat it wetter yn de Waadsee ek heech stiet, kin der mar 'zeer beperkt' wetter fanút Fryslân de see op streamen.

Kearsluzen ticht

Fjouwer kearsluzen yn it gebiet De Lege Wâlden by De Jouwer binne ticht set, om foar te kommen dat dêr oerlêst ûntstiet. Der is in ekstra pomp ynset om wetter dit gebiet út te pompen.
Op oare plakken yn de provinsje draaie ekstra pompen om problemen foar te kommen, en op kwetsbere plakken wurde sânsekken dellein om foar te kommen dat it wetter oer de kade streamt.
It wetterskip hat noch 14 polders achter de hân, dy't brûkt wurde kinne as wetteropslach. Tongersdei wurdt besletten oft dy ek ûnder wetter set wurde. Dat soe romte jaan oan seis miljoen kúb wetter.