Emoasje by sirkusdirekteur nei skea stoarm: "It hat ferskriklik west"

Sirkus
Sirkus © CAMJO Media
De tinte fan it wintersirkus yn Ljouwert is sa bot skansearre dat de foarstellingen fan woansdei net trochgean kinne. Dat meldt it sirkus. De skea ûntstie troch stoarmwyn.
"Dat is it slimste foar in artyst, dat je net spylje kinne", seit Sander Balk fan it sirkus. Meiwurkers fan it sirkus yn Ljouwert ha fannacht oant healwei fiven dwaande west om de tinte oerein te hâlden. "It hat ferskriklik west."
It sirkus hie de tinte krekt nij kocht. Dy is no skansearre rekke. Balk is der bot mei oan. "Dit is myn libbenswurk."
Emoasjes nei stoarm by Frysk sirkus
It sirkus freget minsken dy't foar woansdei in kaartsje hiene om net sels kontakt op te nimmen, mar ôf te wachtsjen oant sy frege wurde. Oars wurdt it te drok, seit Balk.
Net allinne de tinte is skansearre. Der binne ek lampen stikken. "Dit ha we noch nea earder meimakke", seit Balk. Hy ferwachtet dat de foarstellingen tongersdei wer begjinne kinne.
"It sirkus moat altyd spylje", seit Balk, mei emoasje yn syn stim. "Ik hoopje dat de bern hjir itselde gefoel krije dat ik eartiids hie doe't ik nei it sirkus gong. Dêr dogge we it foar."