Nije boargemaster Skylge: kolleezje en ried moatte har taken better skiede

Waarnimmend boargemaster Roel Cazemier fan Skylge
Waarnimmend boargemaster Roel Cazemier fan Skylge © Provinsje Fryslân | Shutterstock.com (Paulina Grunwald)
Skylge moat de taken fan de gemeenteried en it kolleezje better fan inoar skiede, om sa de fersteurde politike ferhâldingen op it eilân te ferbetterjen. Dat fynt Roel Cazemier, dy't oansteld is as waarnimmend boargemaster.
Dat der op it eilân flink wat wurk te fersetten is nei de bestjoerlike krisis fan de ôfrûne tiid, dat is wol dúdlik. "It sil tiid kostje om dat te werstellen, mar dêr sille wy mei-inoar oan wurkje", jout Cazemier oan.
Hy sollisitearre sels op de funksje fan waarnimmend boargemaster om de rêst werom te bringen. Op eigen inisjatyf dus: "Ik haw by de kommissaris oanjûn dat ik belangstelling hie."

Boargemaster as 'passy'

Cazemier sjocht de politike rebûlje just as in útdaging. "Ik haw al hast 30 jier ûnderfining as boargemaster", seit hy. "It is myn ding. Dus ik haw my oanmeld as kandidaat."
Roel Cazemier by de ynstallaasje
Roel Cazemier by de ynstallaasje © Omrop Fryslân
Tusken 1994 en 2000 wie hy ek al boargemaster op in oar Frysk eilân: It Amelân. It boargemasterskip is nei eigen sizzen in 'passy' fan him.

Dualisme, sa heart it

Om de ferhâldingen te ferbetterjen, moat Skylge better rekkenskip jaan fan dualisme. Dy term jout oan dat bestjoer en folksfertsjintwurdigers skieden rollen hawwe.
Soks jildt ek binnen in gemeente: de ried is úteinlik opdrachtjouwer en kontroleur en it kolleezje fan boargemaster en wethâlders is útfierder fan belied.
"Sa heart it te wêzen", seit Cazemier dúdlik. "Sa is it yn de wet beskreaun en sa moatte wy it ek op Skylge ymplemintearje."

Oars as it fêstelân

Mar yn lytse eilângemeenten kin dy taakferdieling noch wolris trochinoar rinne. Cazemier jout fuort ta dat it bestjoeren op in eilân somtiden in oare hâlding freget as op in gemeente op it fêstelân, ek al is it wurk feitlik foar in grut part itselde.
De gemeenteried fan Skylge (argyffoto)
De gemeenteried fan Skylge (argyffoto) © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"In eilân is yn it earste plak gewoan in Nederlânske gemeente, mei deselde wetten en besluten dy't foar alle gemeenten jilde. Mar in eilân is wol krekt efkes wat spesifiker: de isolearre situaasje fan in eilân makket dat je krekt wat mear dwaan moatte."

In eilân mei 4.900 riedsleden

Boppedat is de belutsenens fan de befolking op in eilân grut, tinkt Cazemier. Hy wiist op in felisitaasje dy't hy binnenkrige, wêryn't ien him lokwinske mei in gemeente "mei 4.900 riedsleden." Dêrmei waard doeld op it ynwennertal fan it eilân.
"Dat fûn ik wol in moaie útspraak", seit Cazemier. "Men wol graach meitinke yn it belied."

Waarm wolkom

Cazemier is freed troch kommissaris Brok beëdige. Tiisdei kaam hy op Skylge oan, dêr't er wolkom hjitten waard troch it kolleezje. Hy is yntusken yn 'e kunde kaam mei de wethâlders, amtners en fraksjefoarsitters. It wie in waarm wolkom, jout de boargemaster oan.
It eilân Skylge
It eilân Skylge © Omroep Zilt, Lennard Geerts
"Wat ik sjoch is dat alle minsken graach deselde kant op wolle. Dat is nei de takomst: soargje dat wy mei syn allen wer yn goede ferhâldingen terjochte komme. Dêr wol ik my ek foar ynsette."
De 'basisattitude' is neffens Cazemier yn oarder. "Nei myn ynskatting wolle se allegearre deselde kant út. Nei in moaie gemeente wêryn't de ried fan it eilân de lead hat en it kolleezje útfiert."
Cazemier ferwachtet wol dat it proses 'mei fallen en opstean' ferrinne sil. "Der sille ek wolris wat spanningen weromkomme, mar wy sille der mei syn allen oan wurkje."

Wat is der ek alwer oan de hân op Skylge?

De politike ferhâldingen op Skylge lizze al lange tiid ûnder in fergrutglês. It spul begûn mei it harrewarjen oer it evenemintebelied. De posysje fan boargemaster Caroline van de Pol kaam faai te stean en yn septimber 2022 waard it betrouwen yn har opsein.
Der waard in rapport opsteld, mar fiif moannen letter barde it op 'e nij. Van de Pol hie sels it gefoel dat de ried "een stok zocht" om mei te slaan. Nei de fertrouwensbrek trune kommissaris Brok op mediation oan: dêrfoar waard 100.000 euro útlutsen.
Eltsenien wie dan ek ferbjustere doe't Van de Pol op 15 desimber - ûnder in riedsgearkomste oer de bestjoerskrisis sels - bekendmakke dat sy it eilân ferlit en boargemaster yn Castricum wurdt. Kommissaris Brok erkende letter dat de gong fan saken "heechst ûngelokkich" wie.
It probleem is lykwols grutter as de boargemaster allinne: kommissaris Brok joech oan dat it om it funksjonearjen fan alle bestjoerslagen giet, dus ek om de wethâlders en riedsleden. Der is sprutsen oer amateurisme, in gebrek oan kommunikaasje en it rabjen achter inoars rêch om: in soad eilânbewenners binne der hielendal klear mei.