Beammen yn de Rysterbosk libje op troch alle rein: "Foar de natuer fantastysk"

Wetter is wolkom in de Rysterbosk, al moatte besikers soms efkes om
Wetter is wolkom in de Rysterbosk, al moatte besikers soms efkes om © Omrop Fryslân
De rein soarget rûnom ús provinsje foar oerlêst, mar foar de Rysterbosk komt al it wetter goed út. Troch de drûchte fan de ôfrûne simmer wiene der in soad soargen oer de beammen.
"Je moatte wol goed oplette wêr't je rinne hear", seit distriktshaad Germ van der Burg fan It Fryske Gea. Hy pakt de learzens út de kast en stapt troch de Rysterbosk hinne.
De bosk liket in sompe wurden, mei al it wetter dat der leit. "Mar dat is foar ús en de natuer fantastysk nijs."
Van der Burg: "Foar de natuer kin der eins noait genôch wetter wêze. Wy beheare natuergebieten, bosken, bûtlannen. Lit se mat ûnderstrûpe, dat bart eins fierstente min. Mei sa'n wiete winter kin it wetter ek wer langer stean bliuwe. Foar ús is it in segen."
De Rysterbosk is dweiltrochwiet, mar de natuer kin it wol brûke
Van der Burg seach dat it de yn de simmer fan 2023 drûch wie. Dêr wiene mear soargen oer as oer it wiete waar.
"De woartels fan dy beammen moatte goed wetter ha, want dat is foar de bosk it bêste. Dy woartels kinne ek gau wetter opnimme. Dat is fansels by de iene beam oars as by de oare."
In beuk kin bygelyks goed oer wetter, in iik wat minder goed. "Mar oer it algemien steane wy te springen om wetter."

Winters wienen fierstente drûch

De 300 jier âlde beammen yn Riis steane ûnder wetter en dêrmei liket de bosk wol in sompe, mar dat is neffens Van der Burg dus gjin probleem.
"Wy ha jierren achter inoar hân dat it yn de winter fierstente drûch wie. No is it wetterpeil wer oanfolle en dat wie nedich. Al it wetter dat oerbliuwt, streamt fansels wol fuort."
Nettsjinsteande de hege grûnwetterstannen falt der op de measte paden noch goed te kuierjen. De echt wiete plakken wurde oanpakt mei frijwilligers.
Germ van der Burg, distriktshaad yn Súdwest-Frylân foar It Fryske Gea
Germ van der Burg, distriktshaad yn Súdwest-Frylân foar It Fryske Gea © Omrop Fryslân
Dat it dizze wiken sa'n soad reint, is foar It Fryske Gea dus net sa'n probleem. Mar der binne wol oare útdagingen: se wolle graach it wetter goed fêsthâlde kinne.
"De bosk leit wat op in hichte en dêrtroch strûpt it wetter rapper fuort. Wy binne noch oan it sjen hoe't wy dat oplosse kinne. Mar dat binne puzels dêr't wy al skoften mei oan de gong binne. Earst mar ris genietsje fan alle rein."