Marit Bouwmeester wol ticket Spelen feilichstelle op WK: "Ik haw it yn eigen hân"

Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © ANP
It binne wichtige dagen foar sylster Marit Bouwmeester fan Warten. Se hopet har yn de ILCA6-klasse te kwalifisearjen foar de Olympyske Spelen fan takom simmer. Dan meie de oare Nederlanners it de kommende dagen net folle better dwaan op it WK yn Argentinië.
Pas in pear dagen lyn kaam se oan yn Mar del Plata, dêr't it WK holden wurdt. "Ik ha earst noch twa trainingsblokken hân yn Marseille (op dat wetter wurdt it silen by de Spelen ek holden, red.). Mar ik tink wol dat ik it hjir goed dwaan kin. It is hiel technysk en dat leit my faak wol."
Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © Thom Touw
De feroarjende waars- en wetteromstannichheden meitsje dat gjin dei itselde is yn Mar del Plata. "Mar ik ha der in soad nocht oan en ik ha gjin blessueren, dus dat is ûnder kontrôle."

Kompleks kwalifikaasjesysteem

It kwalifikaasjesysteem foar de Olympyske Spelen is frij kompleks yn it silen. Yn eltse klasse mei der fan elts lân nammentlik maksimaal ien siler meidwaan. Om te bepalen hokker Nederlanner der nei de Spelen mei yn de ILCA6-klasse, binne der seleksjekritearia opsteld.
Nei har oerwinning op it olympysk testevent yn Marseille, hie Bouwmeester har ôfrûne simmer op it WK yn Scheveningen al pleatse kind. Dan moast se dêr op it poadium einigje. Dat slagge krekt net: Bouwmeester waard fjirde yn it einklassemint.
Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © ANP
No binne de resultaten fan it olympysk testevent weifallen. Yn stee dêrfan wurdt der in klassemint opsteld fan de einstannen fan it WK yn Scheveningen fan ôfrûne simmer en it WK fan no yn Argentinië. Dêrby krijt de nûmer 1 tsien punten, de nûmer 2 krijt njoggen punten en dat giet troch oant de nûmer 10 dy't ien punt krijt.
Op it ôfrûne WK einige Bouwmeester dus as fjirde, dat smyt sân punten op. Oare Nederlanners einigen bûten de top-10 en krigen dus gjin punten. As Bouwmeester har pleatse wol, moat se der dus foar soargje dat de oare Nederlanners net mear as seis plakken heger einigje yn de top-10 fan it einklassemint fan it WK. By in likense stân telt it WK fan no swierder mei.

Dreech om fuort te gean

Der hinget dus in protte fan ôf, mar echt dwaande mei har konkurrinten is Bouwmeester net. "Asto dy te bot fokussest op oaren, kinst net de bêste ferzje fan dysels wêze", stelt se. "Ik wol hjir gewoan in sa goed mooglik WK sile."
It doel is helder: Bouwmeester wol nei de Olympyske Spelen. Dêrfoar moat se no wol earst nei Argentinië en dat is as mem wol dreech. "Lytse Jessy (Bouwmeester har dochterke, red.) kin no hiel goed prate en dan seit se: 'mama misse, mama misse'. Dat makket it wol hieltyd dreger om fuort te gean."
Marit Bouwmeester
Marit Bouwmeester © ANP
De trainings en testen binne goed ferrûn. Bouwmeester hat der dêrtroch fertrouwen yn dat it goed komt. "Ik ha alles yn eigen hân. No moat ik it bêste silen sjen litte en dan sjogge we wol hoe't ik der oan de ein fan de wike foar stean."