Besikers net mear wolkom by Fûgelhelling: "It is te swier foar ús"

Stikelbaarch
Stikelbaarch © ANP
De Fûgelhelling yn Oerterp is tenei net mear iepen foar besikers. It fûgelasyl wie alle woansdeitemiddeis iepen, mar in tekoart oan frijwilligers en oanskerpe regeljouwing meitsje dat ûnmooglik.
Behearder Hetty Sinnema fynt it spitich, mar it beslút wie net te kearen, seit se. "Der komme kosten by sjen, en do hast edukaasjemeiwurkers en frijwilligers nedich. Dy ha wy gewoan net."
Boppedat wurde de lanlike regels hieltyd stranger, seit Sinnema, as se besikers ûntfange wol. "Dat is te folle en te swier foar ús."
De Fûgelhelling is in opfangsintrum foar ferwûne, sike of ferswakke bistjes. Neist (rôf-)fûgels is der plak foar bygelyks otters, flearmûzen, dassen en reeën. It is de bedoeling dat de bisten nei herstel sa gau as mooglik weromkeare nei de natuer.
De fûgelgryp spilet De Fûgelhelling ek noch altyd parten. "Minsken dy't by ús komme, komme sels wer oeral en kinne de fûgelgryp oerdrage. Wy krije noch altyd fûgels binnen dy't (mooglik) besmet binne. It is te folle geregel om dat feilich te organisearjen. Dêrneist meie wy ús fûgels net yninte."
Op it stuit ferbliuwe der neist (sike) fûgels noch hieltyd in soad lytse stikelbaarchjes by De Fûgelhelling. Dy binne te lyts om sels te oerwinterjen. De opfang biedt ek ûnderdak oan babyotters en jonge bevers.
fugelhelling fugels
Hetty Sinnema © Omrop Fryslân
De kar om de doarren te sluten foar besikers biedt ek kânsen, seit Sinnema. "Dan tinke je nei oer wat je better dwaan kinne."
"Ik fyn it leuk om ien kear yn de moanne wat foar jongeren te organisearjen. Bygelyks mei lêzingen en workshops oer it útplúzjen fan ûleballen."

Frijwilligers

Om De Fûgelhelling sa goed mooglik draaie litte te kinnen, hopet Sinnema wol op nije oanwaaks fan frijwilligers.
"Wy wolle hiel graach minsken ha dy't us in pear oeren yn de wike helpe kinne. Lykas by alles falt of stiet it mei minsken en mei jild en dat is by ús net oars."