Liveblog | 3 jannewaris

112-nijs 3 jannewaris: Botsing mei 4 auto's by plysje-achterfolging | Souderbrân yn Burgum

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 3 jannewaris, 16:46
16:46

Buskes botse yn Ljouwert

Twa buskes botst yn Ljouwert
Twa buskes botst yn Ljouwert © AS Media
Twa bedriuwsbuskes binne woansdeitemiddei tsjin elkoar botst op de Wollegaast yn Ljouwert. Ien fan de ynsitters is behannele yn in ambulânse, mar neffens in korrespondint hoegde der nimmen nei it sikehûs. Beide buskes rekken skansearre. Hoe't it ûngelok krekt barre koe, is net dúdlik.
16:34

Skea oan wenning yn Burgum by souderbrân

Souderbrân yn Burgum
Souderbrân yn Burgum © ProNews
By in souderbrân yn Burgum is in hûs swier skansearre rekke. Der binne gjin berjochten oer ferwûnen.
Hoe't de brân ûntstean koe, is net dúdlik. Doe't de brânwacht teplak wie, sloegen de flammen út it dak. De brânwacht fan Burgum en in heechwurker út Ljouwert waarden ynset by it bestriden fan de brân.
16:12

Fytspaden It Amelân ticht

16:09

Slûs by Nijetrine hat te lijen fan technyske steuring

De Mr. H.P. Linthorst Homansluis yn Nijetrine wurdt op dit stuit net betsjinne. It giet om de slûs yn De Lende, op de grins tusken Fryslân en Oerisel. Der is neffens de provinsje sprake fan in technyske steuring. Dêrtroch is de slûs efkes net yn wurking. Wannear de steuring wer oplost wurde kin, is op dit stuit noch net bekend.
14:41

"Gniisgas en ballonnen fûn yn auto nei achterfolging"

Ljouwert
Ljouwert © CAMJO Media
Der soene gniisgassilinders en ballonnen fûn wêze yn de auto fan de bestjoerder dy't yn Ljouwert oanholden is nei in wylde achterfolging. Dat seit in fotograaf dy't derby wie. In wurdfierder fan de plysje koe dit net befêstigje. Dy koe wol fertelle dat de fertochte in 31-jierrige Ljouwerter is.
De auto soe mei mear as 200 kilometer yn de oere oer de A31 tusken Harns en Ljouwert riden wêze. By de krusing op de Harnzerstrjitwei ûntstie in oanriding mei meardere auto's. De fertochte koe dêrnei wol fierder ride, mar op de Valeriusstrjitte waard er klemriden en oanholden.
It is net dúdlik wêrom't de man útnaaide foar de plysje.
14:24

Plysje: Auto wurdt fan 'e middei út wetter helle

Auto te wetter yn Ljouwert
De auto dy't yn it wetter leit oan de Harnzerstrjitwei wurdt fan 'e middei by deiljocht burgen. Dat seit de plysje. De auto koe justerjûn net út it wetter helle wurde omdat de auto op in plak leit dêr't dy lestich te bergjen is.