Fryske tabakssaken ferwachtsje mear yllegale hannel yn smokersguod

Sjoerd Hettinga
Sjoerd Hettinga © Omrop Fryslân, Johanna Brinkman
Fryske tabakssaken ferwachsje mear yllegale ferkeap fan smokersguod, no't de aksyns heger wurdt en tabak út supermerken ferdwynt. "Wat dat oanbelanget binne sigaretten krekt goud", seit Sjoerd Hettinga.
Hettinga is tabaksferkeaper yn Snits. Hy lit in pakje Drum sjen: dat kostet no 17,70 euro, mar yn april wurdt dat sa'n 25 euro. "In leuke 1-aprilgrap fan de oerheid", is Hettinga fan betinken.
Troch it ferheegjen fan de aksyns wol it Ryk sa'n 90 miljoen euro it jier ophelje. Dêrby trunet de oerheid oan op it werombringen fan it tal smokers.

Wat docht de smoker?

De grutte fraach is lykwols wat de konsumint docht, no't tabak mei de hegere aksyns djoerder wurdt. "De antysmooklobby sil roppe dat der folle minder sjek en sigaretten ferkocht binne yn Nederlân. Mar dan ferjitte sy wol dat it part dat minder ferkocht is, út it bûtenlân komt."
Fryske tabakssaken ferwachtsje mear yllegale hannel yn smokersguod
Hettinga tinkt dat der aanst folle mear yllegaal út oare lannen meinaam wurdt. "As in frachtweinsjauffeur nei it bûtenlân rydt, komt er werom mei 20 sloffen yn de auto. Hy ferkeapet se foar withoefolle jild, mar úteinlik binne se dochs noch goedkeaper as yn de winkel."
De ferkeaper heart it ek echt fan klanten yn de winkel. "Ik hear lju dy't sizze: ik keapje de sjek net mear by dy, want ik kin it no folle goedkeaper krije."
It wurdt aanst djoerder om te smoken
It wurdt aanst djoerder om te smoken © Omrop Fryslân
Dochs doart Hettinga ek gjin foarsizzingen te dwaan. "Wy sille it belibje dit jier. Ik sit myn tiid wol út, mar ik hie leaver dat de ien priisbelied yn hiel Europa hiene."

Tabak ferdwynt út de supermerken

Fan 1 july ôf meie supermerken gjin tabak mear ferkeapje. De Albert Heijn en Lidl binne dêr yntusken al mei opholden, foarútrinnend op it ferbod.
"Dat kin wol ekstra klandyzje opsmite foar tabakssaken", seit Hettinga. "Mar de supermerk sit hjir yn Snits wol wat fier út it sintrum wei. Dêr sitte ek tankstasjons, dy sille der tink ik mear fan profitearje. Mar wy wachtsje it ôf, ik hoopje it fansels wol."