Doarpsbelang Ferwert oer ûngeregeldheden: "It wiene minsken fan bûtenút"

Tsjip Luimstra fan doarpsbelang Ferwert-Hegebeintum
Tsjip Luimstra fan doarpsbelang Ferwert-Hegebeintum © Omrop Fryslân
De ynset fan de ME yn Ferwert, yn de nacht fan 30 op 31 desimber, is noch hieltyd it nijs fan de dei yn it doarp. De mobile ienheid kaam yn aksje nei't de brânwacht en de plysje mei fjoerwurk bekûgele waarden. Ien plysje rûn gehoarskea op troch fjoerwurk.
Yn Ferwert gean lûden op dat it net de eigen ynwenners wiene, mar jongeren út oare doarpen. Tsjip Luimstra fan doarpsbelang Ferwert-Hegebeintum hat dy ferhalen ek heard.
"Mei it karbidsjitten haw ik noch mei guon praat en dy sizze ek: wy leauwe net dat dit guon wienen út eigen doarp. It komt mear út de regio. En hoe grut moatst dy regio sjen? We hearre geroften, mar dat kin ik net ûnderbouwe, dat dat fan Dokkum oant Ljouwert is en vice versa."
Ferwert net bliid mei de ûngeregeldheden yn it doarp
Neffens Luimstra is der yn Ferwert in soad sosjale kontrôle, mar wie dat no net mear mooglik. "As it minsken fan bûtenút binne, dy't ek net gefoelich binne foar sosjale ynteraksje, hoe krije je dêr de finger achter. Dêroer sitte we eins in bytsje mei de hannen yn it hier."
Luimstra is net bliid dat Ferwert sa yn it nijs kaam is. "Wy fine it hiel tryst dat it doarp dit meimakket en dat je op dizze manier yn byld komme." Hy fynt dat der respekt toand wurde moat foar de feilichheidstsjinsten.

Foarkomme

Om foar te kommen dat it takom jier wer út de hân rint yn it doarp, moat der neffens Luimstra sjoen wurde nei hoe't de ûngeregeldheden ûntstien binne.
"Wy sille yn elk gefal mei de ynstânsjes yn petear moatte oer hoe't sy tinke dat dit ta stân kaam is. Je tinke dochs dat sosjale media hjir ek in grutte finger yn hat. En dan sjen wat der überhaupt op foarhân oan te dwaan is."
Hy hat dêr sels ek wol gedachten oer. "Ik tink wolris, wy sitte wat fierder fan it plysjeburo ôf en de oanrydtiid is wat grutter. Dat kin op in gegeven momint ek wat in feiliger omjouwing wêze om te tinken fan 'oh, dit kinne we wolris even op poaten sette'. Dêr moatte we miskien wol mei de gemeente en feilichheid op ynspylje."