Woudagemaal draait wer: "We verwachten moeilijkheden met het goed spuien van het water"

Woudagemaal
Woudagemaal © CAMJO Media
Wetterskip Fryslân nimt op 'e nij maatregels tsjin heech wetter. De ferwachting is dat it de kommende dagen wer bot reine sil. It Woudagemaal op De Lemmer is dêrom wer op stoom brocht. Freed wie it noch útset.
"We verwachten moeilijkheden met het goed spuien van het water", seit dykgraaf Luzette Kroon. "De waterstanden in het IJsselmeer zijn nog ongekend hoog en dat betekent ook dat wij minder goed kunnen pompen dan dat we normaliter doen."
Luzette Kroon
Luzette Kroon © Omrop Fryslân
As it Wetterskip no neat docht, dan kin it wetterpeil by de ferwachte rein nei de -20 gean. Normaal leit dat tusken de -40 en -50. "Dat betekent dat wij vermoedelijk ook stukken land onder water moeten laten lopen", seit Kroon.
It is bysûnder dat it Woudagemaal yn koarte tiid sa faak oan en útset is. Yn 2023 hat it gemaal yn totaal 26 dagen draaid. Ofrûne freed stie it gemaal ek noch oan, dochs keas it Wetterskip om him net op standby te setten.
It Woudagemaal is wer oanset
"We hawwe der wol oer neitocht", seit technikus Sebastiaan Tuinstra. "Mar it waar like net sa dat dat better wêze soe. Wy hawwe derfoar keazen om him út te setten, mar doe foel it waar dochs wer ôf. En dan moat er wer oan."
De tarieding kostet oeren, mar de apparatuer wurdt net minder fan it gau efterinoar oan- en útsetten. "Dat is gjin probeem", seit Tuinstra. "De apparatuer is al hûndert jier âld, dy giet noch wol even mei. It is goed makke en salang't wy it goed ûnderhâlde, giet dat allegear prima."
"Als je hem één of twee dagen op standby zet, dan kan dat", seit Kroon. "Maar we hadden nu verwacht dat hij uit kon. Dat komt dan toch weer door die combinatie van factoren: een aantrekkende wind, storm die eraan komt, de verwachte regen op een grond die compleet verzadigd is en een poldersysteem dat we ook al behoorlijk benutten."

Spanning yn Hylpen

It wetter fan de Iselmar leit der rêstich by neist fakânsjepark Europarcs yn Hylpen. Dat wie de ôfrûne wike wol oars. Seis pompen koene doe foarkomme dat de fakânsjehúskes ûnderstrûpten. Mar, no stiet der wer in stoarm foar de doar.
Brenda Bijker, ferfangend parkmanager Europarcs Hylpen
Brenda Bijker, ferfangend parkmanager Europarcs Hylpen © Omrop Fryslân
It park leit achter de dyk, tsjin de Iselmar oan. Ien trekker mei in pomp stie noch te brommen, de oare fiif binne achterfang. "We hebben het op dit moment nog wel onder controle", seit ferfangend parkmanager Brenda Bijker.
Sy ferfangt dizze dagen de fêste manager Wianda Dijksma, dy't dei en nacht oanwêzich west hat om yn de gaten te hâlden hoe't it wetter derby lei. Dijksma mei no in pear dagen útrêste.
Pomp Europarcs Hylpen
It wetter yn it fakânsjepark wurdt fuortpompt © Omrop Fryslân
"Het was niet de kerst en oud en nieuw die we in gedachten hadden", seit Bijker. "Als ik voor Wianda mag spreken, was het voor haar vrij stressvol. De combinatie van het hoge waterpeil in het IJsselmeer, de wind en de regen maakte alles wel spannend."

Gjin gasten

It park bliuwt foarearst noch leech. Oeral steane noch sânsekken en it moat hjir en dêr noch wat opromme wurde en opdrûgje. De fakânsjehúskes hawwe oant no ta gjin skea, wol binne ferline wike foar de wissigens de meubels nei in hegere ferdjipping brocht en de gerdinen opknope.
Fakânsjepark Hylpen riedt him ta op stoarm
Neidielich foar it fakânsjepark is dat it hurd waaie sil fan it súdwesten út. Dat kin der wer foar soargje dat wetter út de Iselmar opstoot.
Neffens Bijker hat it minne waar gjin grutte finansjele gefolgen foar it park. "Voor ons is het het belangrijkste dat onze woningen heel blijven, dat het park rechtop blijft staan en dat we het water in de hand kunnen houden."