De toan fan Froukje Sijtsma: "Dreame, doare, dwaan"

de toan fan kollum froukje sijtsma
Froukje Sijtsma © Omrop Fryslân
"As alderearst fansels de bêste winsken foar it nije jier. Dat al jimme dreamen mar útkomme meie. Myn dream om de lotterij te winnen en my sa ûnder oaren yn te setten foar wrâldfrede is ek dit jier net útkaam.
Ik wûn 5 euro, en dus sil ik kommend jier sels oan de bak moatte om myn dreamen te berikken.
Oan it begjin fan it jier formulearje in soad minsken goeie foarnimmens. Se wolle sûner ite, ophâlde mei smoke, mear sporte, mear tiid mei famylje en freonen en serieuze stappen sette om in karriêreswitch te meitsjen.
Minsken dreame fan in sûn en strak liif, in oprjochter sosjaal libben of mear bliidskip en foldwaning helje út it wurk. Dochs it it in poepetoer om dy goeie foarnimmens fol te hâlden.
De toan fan Froukje Sijtsma
Op nijjiersdei pakte ik it boek 'Dromen Durven Doen' fan gedrachswittenskipper Ben Tiggelaar derby. Ik hie alris in pear haadstikjes lêzen, mar oan it begjin fan it nije jier moast ik it ek mar ris útlêze en wichtiger fansels: tapasse. Want wêrom slagget it minsken faak net om goede foarnimmens fol te hâlden en te yntegrearjen yn har libben?
Ben Tiggelaar is spesjalisearre yn feroaringsmanagement. Yn syn bestseller wol hy minsken ynspirearje om net allinnich mar te dreamen fan feroarings, mar wol hy harren ek yn beweging sette om dy dreamen te bewurkstelligjen troch te doarren en te dwaan.
De ûndertitel fan it boek is 'Het managen van de lastigste persoon op aarde: jezelf'. It is nammentlik ôfgryslik dreech om dysels te feroarjen.
Sa'n 95 persint fan dyn gedrach wurdt nammentlik bepaald troch dyn ûnderbewuste en dus is eins nedich om dysels op 'e nij te programmearjen. Dat freget tiid, enerzjy en ynsjoch yn hoe't je soks oanpakke moatte.
Ferline jier rûn dizze tiid fertelde ik jimme dat ik mysels ta doel steld hie om betider op bêd te gean en mear te sliepen, om my sa útrêster te fielen.
Myn dochter is altyd betiid wekker en ek myn freon hat de wekker troch de wike foar seizen stean. Dus om oan myn eigen nachtrêst ta te kommen soe dat in ferstannich foarnimmen wêze.
Ik hie der allinnich net oer neitocht oer hoe't ik dat foarnimmen krekt ta útfiering bringe moatte soe. Gewoan betider op bêd gean soe dochs genôch wêze moatte.
Mar lieding jaan oan dysels is lestiger as ferwachte. Ik kin stelle dat it slagge is om geregeld betider op bêd te gean, mar ik haw it noch net genôch ymplemintearre yn myn libben.
Ek dit jier haw ik wer nije doelen formulearre. Sa soe ik hiel graach ris de Slachtemaraton rinne wolle. Yn de kollum fan nije wike sil ik sjen hoe't ik mei de tips fan Ben Tiggelaar dat it bêste oanpakke kin. Mar ik bin ek benijd nei jimme ûnderfings.
Hawwe jimme wolris goede foarnimmens útsprutsen en dy ek werklik folbrocht? Hoe hawwe jimme dat oanpakt. Allinnich op trochsettingsfermogen of wie der mear nedich? En hoe gienen jimme om mei tsjinslaggen en pakten jimme dochs de tried wer op?
Ik soe it hiel graach fan jimme hearre!"