Kin Cazemier de rêst werombringe op Skylge? "Hij is in staat moeilijke besluiten te nemen"

Roel Cazemier
Roel Cazemier © Omrop Fryslân
Roel Cazemier hie tiisdei syn earste wurkdei as waarnimmend boargemaster fan Skylge. Cazemier stiet foar de drege taak om de rêst werom te bringen op it eilân. Minsken dy't yn it ferline mei him gearwurke hawwe, sitte der lykwols net oer yn. "Hy is in ferbiner."
Jacob Appelhof wurke as wethâlder fan de eardere gemeente Dongeradiel inkelde jierren gear mei Cazemier. Dy lêste wie dêr fan 2000 oant 2008 boargemaster. Appelhof tinkt dat Cazemier de kwaliteiten hat om de situaasje op it eilân del te bêdzjen.
"Hy is hiel sterk in ferbiner", seit Appelhof. "Wy hienen ek wolris in ferskil fan miening. Yn it kolleezje fan Dongeradiel sieten totaal ferskillende minsken, mar hy hat de gave om dy minsken by elkoar te hâlden."
Yn de Skylger gemeenteried binne der al in skoft slim fersteurde ferhâldings tusken de boargemaster, wethâlders en de riedsleden. In mediationtrajekt hat ta neat laat.
By in gearkomste op 15 desimber om de kwestje út te praten, krige boargemaster Caroline van de Pol telefoan. Doe krige se te hearren dat se boargemaster fan Castricum wurde koe. Se gie dêrnei fuort út de gearkomste. Guon riedsleden wienen fan betinken dat it suver in "schoffering van de raad" wie.
Van de Pol waard dêrop mei ferlof stjoerd en dat sil sa bliuwe oant it momint dat se yn Castricum oan de slach giet.
Doe't Cazemier yn Dongeradiel begûn, wie hy jong, earne yn de 40. "Wat my opfoel, wie syn diedkrêft", fertelt Appelhof. "Wat hy sei, betsjutte wat, dat hie gesach. Wistest presys watst oan him hiest."

'Noait bier op It Amelân'

Eilannen binne lytse mienskippen, minsken kenne elkoar. Der rinne allegear lyntsjes, dy't minsken fan bûten it eilân net kenne. Appelhof tinkt dat Cazemier dêr net gefoelich foar wêze sil.
"Hy hat ek boargemaster op It Amelân west. Hy hat wolris ferteld dat immen him ris in bierke oanbea. Cazemier sei doe: 'ik drink noait bier op It Amelân'. Hy die dat om't je oars samar as sûplap oantsjutte wurde yn sa'n mienskip. Dat hie hy wol troch."
Jacob Appelhof op argyfbyld
Jacob Appelhof op argyfbyld © Omrop Fryslân
"Dy eilannen binne wat in frijsteat", stelt Appelhof. "Immen fan bûten kin trammelant jaan, mar mei Cazemier sille je dat net belibje. Hy kin de boel wol by elkoar hâlde."

'Perioade by Omrop Fryslân gjin sukses'

Nei syn perioade yn Dongeradiel wie Cazemier in skoft algemien direkteur by Omrop Fryslân. Dat wie net in hiel grut sukses, seit Maaike van Dijk. Sy siet doe yn de ûndernimmingsried fan de Omrop.
"Hy wie in aardige man, mar neffens my wist er net wêr't er oan begûn wie." Cazemier wie neffens Van Dijk echt in boargemaster, mar Omrop Fryslân is in bedriuw. "Neffens my hat hy him dêrop fersjoen, hy tocht dat it allegear glamour wêze soe."
Roel Cazemier yn syn tiid by Omrop Fryslân
Roel Cazemier yn syn tiid by Omrop Fryslân © Omrop Fryslân
"Hy krige ris in roltsje yn Baas Boppe Baas, dat fûn er hielendal geweldich", wit Van Dijk noch. "Dat moast en soe ek wêze."
Nei oardel jier gie Cazemier fuort by Omrop Fryslân. "Yn oerlizzen gie it altyd prima, dat wie hy ek wend. Mar wurkynhâldlik foel it ôf."

"Aimabele bestuurder"

Cazemier hat al ûnderfining op in eilân. Fan 1994 oant 2000 wie hy boargemaster op It Amelân. Dêr trof hy ûnder mear Will Bakema, dy't doe wethâlder wie. "We konden het goed met elkaar vinden", seit Bakema. "Ook voor de burgers is hij prima. Hij stond echt tussen de mensen."
Bakema seit allinnich mar positive oantinkens te hawwen oan Cazemier, ek privee. "Wij woonden vlakbij hem aan de Duinweg, zo konden we vaak even praten. En zijn vrouw Ineke was bevriend met onze kinderen."
Will Bakema op argyfbyld
Will Bakema op argyfbyld © Omrop Fryslân
Bakema tinkt dat Skylge oan Cazemier in goede boargemaster hat. "Hij is een aimabele bestuurder en echt een eilandmens. Terschellingers hoeven niet bang te zijn en de huidige wethouders zullen blij zijn met zijn komst."
"Hij is duidelijk aanspreekbaar", giet Bakema fierder. "Hij is in staat moeilijke besluiten te nemen, maar tegelijkertijd te verbinden."