Liveblog | 2 jannewaris

112-nijs 2 jannewaris: Koade oranje stoarm Henk | Brân Rutten ûnder kontrôle, Fryske brânwacht holp

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 2 jannewaris, 22:04
22:04

Brân yn Rutten, flakby De Lemmer, ûnder kontrôle

De grutte brân dy't fan 'e moarn ûntstie by in grut agrarysk bedriuw yn Rutten, krekt oer de provinsjegrins by De Lemmer, is ûnder kontrôle. Dat meldt Veiligheidsregio Flevolân. Der komt lykwols noch hieltyd reek frij en omwenners wurdt dan ek advisearre om oant woansdeitemoarn ruten en doarren ticht te hâlden en de fentilaasje út te setten. Hjiroer is opnij in NL-Alert ferstjoerd nei minsken dy't yn de buert wenje.
De brânwachten fan Ychten en De Lemmer ha mear as acht oeren holpen by it bestriden fan de brân. Omdat it sa'n grutte brân wie, waarden brânwachten út leafst seis provinsjes oproppen. Ek in heechwurker fan It Hearrenfean en de mjitploech fan De Lemmer kamen yn aksje.
De reek luts oer de A6 en wie sels op De Jouwer te rûken. Krekt foar seizen koe der ôfskaald wurde, hoewol't der ek doe noch hieltyd brân wie yn twa kuolunits. De Fryske brânwachten koene tusken seis en sân oere fan 'e jûn ôflost wurde.
19:35

Supermerk yn Ljouwert ûntromme om brân

brân supermerk Ljouwert Jumbo
De supermerk oan de Eksterstraat yn Ljouwert waard ûntromme © Kappers Media
In supermerk yn Ljouwert is ûntromme fanwege in brân. It giet om de Jumbo oan de Eksterstraat. De brân wie yn de meterkast fan de winkel. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.
Net ien rekke ferwûne. Doe't it brânalarm ôfgie, binne alle klanten nei bûten stjoerd. Ek it personiel hat de winkel ferlitten. It is noch net bekend hoe grut oft de skea is.
18:51

KNMI skaalt op nei koade oranje

koade oranje stoarm KNMI waar
Koade oranje © Omrop Fryslân
It KNMI hat foar jûn en fannacht opskaald nei koade oranje fanwege stoarm Henk. Yn Fryslân, it Waadgebiet en it Iselmargebiet wurde tige swiere wynstjitten ferwachte fan 100-110 kilometer yn 'e oere, oan see sels om de 120 kilometer de oere.
De koade oranje jildt fan 22.00 oere oant 02.00 oere, dêrnei is oant 05.00 oere noch koade giel fan krêft. De warskôging jildt ek foar Noard-Hollân. Yn de rest fan de provinsjes jildt koade giel.
17:11

Fytser ferwûne by botsing yn Drachten

De fyts fan de persoan dy't oanriden is
De fyts fan de persoan dy't oanriden is © SRFotografie
In fytser en in bestelbus binne tiisdeitemiddei mei elkoar yn botsing kaam op de Torenstraat yn Drachten.
Neffens in korrespondint is de fytser dêrby slim ferwûne rekke.
Doe't de frou oerbrocht wurde soe nei it sikehûs, fermindere har situaasje sa bot dat der in spesjale traumadokter mei in helikopter ynflein waard.
In spesjaal team fan de plysje docht ûndersyk nei de tadracht fan it ûngelok.
16:44

Amelanner rekket rydbewiis kwyt

In 46-jierrige Amelanner is syn rydbewiis kwytrekke nei't er mei alkohol op efter it stjoer siet. De man bedarre ek noch yn in greppel op de Bureweg by Nes. De man rekke dêrby net ferwûne, mar yn de auto stappe, sit der dus net mear yn.
15:25

Veiligheidsregio Flevolân: mooglik stikjes glês yn reek Rutten

De Veiligheidsregio Flevolân seit dat der mooglik glêsdieltsjes yn de reek sitte dy't frijkomt by de brân yn Rutten. Op it agraryske bedriuw dat yn de brân stiet, lizze sinnepanielen. De reek komt ek yn de rjochting fan Fryslân.
"Als u glasdeeltjes vindt, raak ze niet aan en ruim ze niet zelf op. Neem dan contact op met de omgevingsdienst", skriuwt de Veiligheidsregio.