Topfavoryt Harm Visser falt yn slotfaze en grypt njonken titel op NK maraton

Harm Visser giet tsjin de boarding
Harm Visser giet tsjin de boarding © Orange Pictures
Harm Visser hat syn favoriterol op it NK maratonriden net wiermeitsje kind. Yn de gaoatyske slotfaze yn de Alvestêdehal gong Visser ûnderút. De titel gong sa nei outsider Luc ter Haar.
Yn ien fan de lêste bochten fan de race oer 150 rûntsjes rekke Visser ynsletten tusken twa manlju fan team Reggeborgh. Dêr siet net genôch romte en mei syn allen fleagen se yn de boarding. Visser naam in oare favoryt - Gary Hekman - mei yn syn fal. Luc ter Haar bleau wol oerein en profitearre.
Visser wie de topfavoryt: de Westereender wûn dit jier de measte maratonwedstriden en faak ek mei in grut ferskil. De oare ploegen besochten it dêrom Visser de hiele wedstriid dreech te meitsjen.
Tsien rondes foar de finish moasten Visser syn ploechgenoaten oan de bak om koprinner Daan Gelling fan A-ware (de ploech fan Jillert Anema) werom te heljen. De trein fan Jumbo-Visma hie Gelling flak foar de finish te pakken en it plan like te wurkjen, oant de grutte falpartij.
Besjoch hjir de slotfaze fan de wedstriid en de reaksje van Harm Visser en syn coach
By de froulju wiene der ek gjin Frysk poadiumplakken. Yn de Alvestêdehal hie Marijke Groenewoud wol in grut oandiel yn de winst fan har ploechgenoate Irene Schouten, dy't foar de achtste kear op rige de titel pakte.
Schouten joech nei de wedstriid de credits oan Groenewoud. "Zij heeft hier een heel groot aandeel in", fertelde de winneres. Doe't Schouten noch yn it peloton siet, sprong Groenewoud nei in kopgroep fan trije ta. Dat soarge derfoar dat Schouten even letter sels ek de sprong meitsje koe.
Marijke Groenewoud, mei Irene Schouten yn har rêch
Marijke Groenewoud, mei Irene Schouten yn har rêch © ANP
Yn de slotfaze liet Groenewoud har just weromsakje út it peloton, om it kopgroepke te helpen oan in ronde foarsprong.

"Ik kin my opofferje"

Dat Groenewoud sels net op it poadium einiget, kin se mei libje, fertelde se by de NOS. "Trije fan de fjouwer yn de kopgroep wienen ploechgenoaten fan my. Fansels, wolst sels graach winne, mar mei trije ploechgenoaten yn de kopgroep kin ik my opofferje."