Soad delslach yn koarte tiid ferwachte: Woudagemaal giet alwér oan

It Woudagemaal op 'e Lemmer
It Woudagemaal op 'e Lemmer © ANP
Wetterskip Fryslân set moarnier it Woudagemaal op De Lemmer wer oan. Dat is nedich omdat der in wike oankomt mei stevige delslach yn koarte tiid, seit it wetterskip.
Tagelyk kin it wetter net goed spuid wurde fan it Lauwersmar de Waadsee yn. Dat kin oant woansdeitejûn noch wol by Dokkumer Nije Silen en Sâltkamp. Dêrnei nei alle gedachten net mear.
It wetter yn de polders en fearten en sleatten en kanalen giet de kommende dagen rap omheech, is de ferwachting. It Woudagemaal draaide ferline wike ek al, it wie freed útset. Omdat it moarn wer oan giet, is it besikerssintrum ticht, mei it each op de feilichheid. Op 3 en 4 jannewaris is it wol iepen foar publyk.
Yn 2023 hat it Woudagemaal 26 dagen draaid. Dat is dik boppe it trochsneed. De ôfrûne tsien jier kaam it totale tal draaidagen yn in jier noait út boppe de alve.
Net allinnich it Woudagemaal giet oan, ek it Hooglandgemaal (Starum) en De Heining (Marrum) wurkje mei.
It Ir. D.F. Woudagemaal út 1920 is it grutste noch wurkjende stoomgemaal yn de wrâld. It stiet al 25 jier op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO. It gemaal wurdt allinnich ynset as der in grutte kâns is op oerstreamingen yn Fryslân, want foar de betsjinning is in soad minskkrêft nedich.