Femke Kok nei falpartij net selektearre foar 1.000 meter op EK en WK

Femke Kok nei har fal op de 1.000 meter by it NK ôfstannen
Femke Kok nei har fal op de 1.000 meter by it NK ôfstannen © Orange Pictures
Reedrydster Femke Kok fan Nij Beets hat gjin oanwiisplak op de 1.000 meter krigen foar de EK en WK ôfstannen letter dit jier. Dat hat it reedrydbûn KNSB bepaald.
Femke Kok wie ôfrûne sneon by it Nederlânsk kampioenskip ôfstannen fallen op de 1.000 meter en einige dêrtroch net by de earste trije. Dat wie wol nedich foar pleatsing. Se hie dêrnei noch hoop op in oanwiisplak, mar dêr giet it reedrydbûn dus net yn mei. Se is wol reserve op de 1.000 meter.
Njonken kampioene Jutta Leerdam en nûmer twa Antoinette Rijpma-De Jong sil Isabel Grevelt no útkomme op de 1.000 meter by it EK en WK ôfstannen. Femke Kok rydt op dy beide kampioenskippen wol de 500 meter. Op de EK ôfstannen is Kok ek selektearre foar de teamsprint.
It EK ôfstannen is oankommend wykein, fan 5 oant en mei 7 jannewaris, op It Hearrenfean. It WK ôfstannen is fan 15 oant 18 febrewaris yn Calgary (Kanada).

Friezen op it EK ôfstannen

Femke Kok 500, teamsprint
Marrit Fledderus 500, teamsprint
Antoinette-Rijpma de Jong 1.000, 1.500, teamsprint
Marijke Groenewoud 1.500, 3.000, massastart, ploege-efterfolging
Tim Prins 1.000

Friezen op it WK ôfstannen

Femke Kok 500
Marrit Fledderus 500
Antoinette Rijpma-de Jong 1.000, 1.500
Marijke Groenewoud 1.500, 3.000
Tim Prins 1.000
Jorrit Bergsma 10.000
De WK-seleksje foar de massastart, ploege-efterfolging en teamsprint wurde letter bekendmakke.