De Kast foar it earst op ien yn Fryske top 100

Syb van der Ploeg nûmer 1 Fryske top 100
Syb van der Ploeg © Omrop Fryslân
De Kast stiet foar it earst op ien yn de Fryske top 100, mei de live-útfiering fan In Nije Dei.
De list wurdt gearstald op basis fan stimmen fan harkers fan Omrop Fryslân. Fans fan De Kast ha dêr dit jier online kampanje foar fierd.
Sjoch hjir hoe't de nûmer ien bekend wurdt:
Sa heart Syb dat De Kast op ien stiet yn de Fryske top 100
De Fryske top 100 bestiet al mear as 20 jier, en dêrfoar wie der in Fryske top 40. Dy waard útstjoerd op Twadde Krystdei. Dêryn hat De Kast wol in kear op ien stien.

Wikenlang op twa

"Dat wie de iennige kear dat we oait mei De Kast op ien stien ha", seit sjonger Syb van der Ploeg. "Yn de Nederlânske top 40 ha we yn dat jier wikenlang op nûmer twa stien, mar it earste plak ha we noait helle."
Dat kaam troch it ferstjerren fan de Britske prinses Diana. "Elton John hie dêr doe in ferske op skreaun, en dat kaam doe op ien."
En yn de jierren dêrnei hat De Kast noait op ien stien yn de Fryske top 100. "Doe kaam Reboelje, mei Marije Maria. En Gurbe hat hiel lang op ien stien. Jong talint, sis mar", laket Van der Ploeg.

Trije kear yn top 100

In Nije Dei stiet dit jier trije kear yn de Fryske top 100, en alle trije ferzjes binne dit jier heger notearre as in jier lyn. De ferzje fan Elske DeWall is 17 plakken omheech gien, fan 64 nei 47, en de ferzje fan Pieter Sahieter klom fan 22 nei 16.
Dat In Nije Dei no sa populêr is, kin komme omdat De Kast foarich jier it 30-jierrich jubileum fierd hat, seit Van der Ploeg. "Dat 30-jierrich jubileum fiere we no al trije jier. De Kast is 'alive and kicking'!"
De folsleine Fryske top 100 fan 2023 is te finen op frysketop100.nl.