Femke Kok hopet nei fal op oanwiisplak, "mar yn Nederlân witst it noait"

Femke Kok
Femke Kok © Orange Pictures
Noch noait wie se fallen, mar Femke Kok (23) koe net oerein bliuwe op de 1.000 meter by it NK ôfstannen yn Thialf.
Yn ien klap kaam der in ein oan har medaljekânsen, en oan har dielname oan it EK en it WK ôfstannen. Of dochs net? "Ik hoopje dat ik in kâns krij", seit se.
Femke Kok
"Ik fielde my de hiele dei goed. Fannemoarn yn de training ek. Ik fernaam oan alles dat der in hiele protte mooglik wie hjoed, en dan fal ik."

Skuor yn it iis?

Neffens Kok gie de race goed, oant se ynienen op it iis lei. Sûnder skea, mar se seach it bepaald net oankommen. Direkt nei de wedstriid tinkt se noch dat der wat mei it iis west hat.
"Der wie in famke foar my fallen. Dus ik tink dat ik yn in skuorke riden bin, en sa op myn plaat gong."
Wedstriidlieding: "Absolút gjin skuor yn it iis"
De trainer fan Femke Kok hat nei de wedstriid mei har nei de skiedsrjochter en de wedstriidlieding west. Mei mekoar ha se nei de bylden sjoen fan de falpartij.
"Se kin gjin lêst hân ha fan de eardere fal, want dy wie in eintsje fierderop. It wie in technyske flater: se sette har foet te skeef del", meldt de wedstriidlieding.
Op de 1.000 meter wol it oant no ta noch net foar Kok. Se pleatste har noch noait foar in WK op dy ôfstân. En dat wylst se sa graach wol.
"Ik wol sa graach sjen litte dat ik it kin. Ik bin yn fiif jier noch noait fallen. It is gewoan pech."

Net ûnder de yndruk fan de tiden

De winst gong úteinlik nei Jutta Leerdam. Rijpma-De Jong waard twadde en Isabel Grevelt tredde. Mar doe't Kok letter nei de tiden seach, wie se net ûnder de yndruk.
"Ik skrik hielendal net fan de tiden. Ik ried ferline wike yn in trainingsrit mei twa hânnen op de rêch 1.14.20. En dan ha ik net iens de kans om sjen te litten wat ik kin"
Femke Kok krekt nei har falpartij
Femke Kok krekt nei har falpartij © Orange Pictures
No is it de fraach oft Kok yn oanmerking komt foar in oanwiisplak. Sa soe it reedrydbûn har asnoch nei it EK en WK ôfstannen stjoere kinne.
"Nou, fansels, ik gun it elkenien. Mar ik wit seker dat ik oars by de top trije einigie wie. En ik bin hielendal net ien dy't dat gau oer mysels seit."
Kinst yn Nederlân gjin flater meitsje
Femke Kok oer de de kansen op in oanwiisplak
Krekt as har ploechgenoat Kjeld Nuis is Kok kritysk oer de kwalifikaasje-proseduere. "Kinst yn Nederlân gjin flater meitsje. Mar ja, ik wit dat ik hjir gjin ynfloed op hie. Ik moat myn kop der gewoan foar hâlde. Ik hoopje hiel bot dat ik in kans krij."
Mar giet se dêr ek fanút? "Nee. Yn Nederlân witst dat noait. Mar ik ha it hiele seizoen konstant riden, dus ik hoopje dat se dêr ek nei sjogge."