It jieroersjoch fan Fryslân Hjoed: dit wie it nijs fan 2023

Presintator Timo Jepkema sjocht werom op 2023
Presintator Timo Jepkema sjocht werom op 2023 © Omrop Fryslân
Foar it jieroersjoch fan Omrop Fryslân makket presintator Timo Jepkema in reis troch 2023. Hy stapt dêrfoar yn in bus.
"Yn fûgelflecht sjogge we werom op it jier", seit Jepkema. "Mei in bus meitsje we in tocht lâns mominten dy't opfoelen. Dit dogge we mei gasten dy't dit jier yn it nijs wienen. Sa sitte ûnder mear Abel Kooistra fan de BBB, âld-keatster Marrit Zeinstra en twa Oekraynske flechtlingen yn de bus."
It jieroersjoch is jûn alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje, nei Fryslân Hjoed. De útstjoering is hjirûnder ek te sjen: