'Dreamsenario' foar Tim Prins, earste Fries sûnt 2013 mei in NK-medalje op 1.000 meter

Tim Prins
Tim Prins © Orange Pictures
Hy fielt him Kening: Tim Prins. Fol fertrouwen kin er begjinne oan 2024: op alle ôfstannen ride er dit wykein rapper as ea.
Tongersdei en freed ferbettere Prins syn persoanlike rekôr al op de 500 meter en 1.500 meter by de NK ôfstannen. Sneon die er itselde op de 1.000 meter, dêr't er de sulveren medalje pakte en him pleatste foar de EK en WK ôfstannen.
Prins waard twadde efter ploechgenoat Jenning de Boo. Dêrmei is hy de earste Fries sûnt it NK ôfstannen yn 2013 dy't in medalje wint op dizze ôfstân. "2013? Op de 1.000 meter? Ik stean yn de ploech wol in bytsje bekend as de reedrydstatistikus."
Mar wa't it wie wit er net. "Sjoerd? Oooh, Sjoerd de Vries. Ja, no'tst de foarnamme seist, wit ik it."
Tim Prins is net sa goed yn kwisfragen
It rint dizze dagen geweldich by Prins. Op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai ried hy ek al trije kear in pr en dat die hy no wer. "Dat is pike op it goeie momint hè. Dat makket wol in soad los."

It geheim fan Reggeborgh

De reedriders fan Team Reggeborgh sitte mei in goed gefoel oan de oaljekoeken. Want neist it suksesfolle wykein fan Prins wûnen De Boo (500 en 1.000 meter), Kjeld Nuis (1.500 meter) en Patrick Roest (5.000 en 10.000 meter).
Koartsein: alle ôfstannen giene nei harren ploech. "It nivo giet omheech. We sitte echt yn de winning mood. We moatte hjir echt fan genietsje, want better as dit wurdt it net", wit Prins. Wat it geheim is? "De gemy is gewoan hiel goed."
Tim Prins nei syn rit op de 1.000 meter
Tim Prins nei syn rit op de 1.000 meter © Orange Pictures
Benammen de miks tusken jong en âld is goed neffens Prins. "Jonge hûnen as Jenning en ik dy't sa gau as mooglik nei de top wolle. En de 'gevestigde orde' mei in soad ûnderfining, dy't de rêst yn de ploech behâlde."

Gjin topfavoryt

Werom nei Prins. De Jouster neamt syn sulveren medalje op de 1.000 meter en pleatsing foar it EK en WK ôfstannen in 'dreamsenario'.
"Witst datst eventueel by de kânshawwers hearst, mar net by de topfavoriten. Ik wit gewoan dat as ik alles op in rychje ha, ik hiel hurd ride kin. Sjoch, ik ha in soad respekt foar dy toppers, mar seker gjin ûntsach."
Lang tiid om nei te genietsjen hat Prins net: de 1.000 meter op it EK ôfstannen wurdt freedtejûn ferriden.