Jorrit Bergsma: "Ik ha noch noait sa bliid west mei in sulveren medalje"

Jorrit Bergsma
Jorrit Bergsma © Orange Pictures
Jorrit Bergsma wie siik yn oanrin nei it NK ôfstannen, makke him bot soargen oer de tsien kilometer, mar pleatste him troch in twadde plak dochs foar it WK ôfstannen. "Ik bin bot opluchte."
Patrick Roest waard earste op de 10 kilometer. Op grutte efterstân pakte Bergsma it twadde plak en waard Marwin Talsma tredde. It skeelde mar 47 hûndertsten tusken Bergsma en Talsma.
Bergsma hie yn dit gefal it foardiel dat hy nei Talsma op it iis kaam en dat hy yn syn rit tsjin Roest moast. "Ik wist wol dat it spannend waard mei dizze rondetiden. Mar ik moast rêstich bliuwe en sa lang mooglik mei Patrick Roest meiride."

Hege druk

Dochs stie der wol flink wat druk op by Bergsma. "Ik bin dit net wend. Ik wist ek dat it hjoed hiel dreech en lêstich wurde soe. Makkest dy yn it foar der wol wat drok oer. Dan besikest dy der fan ôf te sluten. Talsma ride foar my in hiele goeie rit en dan wit je dat je oan de bak moatte."
Jorrit Bergsma
Sa kaam Bergsma krekt op tiid oer de finish om Talsma foar te bliuwen. En dat makke wol wat by him los. "Absolút. Ik ha noch noait sa bliid west mei in sulveren medalje. Gewoan gean je altyd foar de winst. Mar ik ha hege koarts hân. Dan witte je dat it hiel dreech wurdt. It wie foar my saak om rêstich te wurden."
Net allinnich it WK-ticket makket wat los. Ek it feit dat de Jumbo-ploech min prestearret telt mei. "We ha noch net hiel folle tickets. Dus dizze wie tige wolkom. We sitte noch net echt yn in goeie flow. By de oare jongens wol it ek noch net. De konkurrinsje is mominteel fan sa'n heech nivo, datst by in mindere dei oeral neist gripe kinst."
Marwin Talsma
Bergsma meldt him ôf foar de massastart op it NK. Hy wol no sa goed as mooglik bykomme. "No is it saak om goed te herstellen en my dan te rjochtsje op it NK maraton (moandei 1 jannewaris, red.). Dêr wol ik graach goed wêze."

Marwin Talsma wer reserve

Talsma foel krekt as op de 5.000 meter krekt bûten de boat. Op de 5.000 meter waard hy fjirde en is hy earste reserve. No waard hy tredde en is hy wer earste reserve. "Ja. Tja. Dat is eins gewoan kut. En dizze is wol hiel soer."
Marwin Talsma
Marwin Talsma © Orange Pictures
Talsma siet op de fyts út te fytsen en te sjen nei de race fan Bergsma. "It wie hiel spannend. Jorrit ried echt eksakt op myn tiid. Harstikke spannend. Jorrit hat der hurd foar knokt. It is him gund."
Njonken de teloarstelling oer de twa reserveplakken, is der ek wol sprake fan grutskens. "It is wol wer in tredde plak. In stik better as ferline jier. De stijgende lijn ha ik gelokkich wol wer te pakken. En dy moat ik trochsette. Noch twa world cups en ik bin reserve, dus ik moat ek mei nei Calgary."