Liveblog | 30 desimber 2023

112-nijs 30 desimber: Stroomsteuring by Ljouwert noch net hielendal oplost

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 30 desimber 2023, 22:50
22:50

Stroomsteuring hâldt oan

Yn in part fan Ljouwert, Mantgum, Reduzum, Swichum, Wergea, Wirdum en Wytgaard is noch hieltyd gjin stroom. Neffens netbehearder Liander giet it om minder as 50 hûshâldingen dy't dêr lêst fan ha.
Earder melde Liander dat de steuring nei alle gedachten om 22:30 oere oplost wêze soe. No doart de netbehearder it net oan en jou in eintiid.
19:17

Stroamsteuring by Ljouwert dochs net hielendal oplost

De stroomsteuring by Ljouwert is dochs noch net hielendal oplost, ek al litte Liander earder witte dat dizze te'n ein wie.
De netbehearder ekskusearret har foar de eardere melding en ferwachtet dat it mankemint om 22.30 hinne ferholpen is.
18:12

Stroomsteuring oplost

De stroomsteuring yn Ljouwert, Mantgum, Reduzum, Swichum, Wergea, Wirdum en Wytgaard is oplost, sa meldt netbehearder Liander.
De steuring duorre ûngefear in oere.
17:09

Stroomsteuring yn Ljouwert, Mantgum, Reduzum, Swichum, Wergea, Wirdum en Wytgaard

Stroamsteuring
Stroamsteuring yn Wirdum © Omrop Fryslân
Der is in stroomsteuring yn Ljouwert, Mantgum, Reduzum, Swichum, Wergea, Wirdum en Wytgaard. Hûnderden minsken sitte yn it tsjuster.
Der is in monteur ûnderweis en netbehearder Liander ferwachtet dat it probleem om 19:00 hinne oplost is.
12:12

Plysje siket tsjûgen oerfal

Oerfal op tankstasjon
Oerfal op tankstasjon © Kappers Media
De plysje is op syk nei mear ynformaasje oer de mislearre oerfal freedtemiddei op in tankstasjon oan de Bitgumerdyk yn Berltsum.
De fertochte kaam mei in blauwe e-bike by it tankstasjon en bedrige in meiwurker mei in fjoerwapen. De meiwurker wist de oerfaller te oermasterjen en nei bûten te krijen. De fertochte naaide dravend út.
Oant no ta is der noch nimmen oanholden foar de oerfal. De plysje is dêrom op syk nei kamerabylden. Ek wurdt oan minsken dy't wat sjoen hawwe frege om harren te melden.
12:11

Gjin sirene op 1 jannewaris