Sportkafee 2023: Sektes yn it reedriden en hoop op in nij kontrakt

Sportjier 2023
Sportkafee Bakker en De Vries © Orange Pictures & Dijks Fotografie, bewurking Omrop Fryslân
2023 wie in moai sportjier foar Fryslân. Sa pakte reedrydster Femke Kok de wrâldtitel op de 500 meter en waard Douwe Amels Europeesk kampioen heechspringen.
Presintatoren Andries Bakker en Roelof de Vries sjogge yn Sportkafee Bakker en De Vries werom op it jier. Se ûntfange ûnder oare reedrydcoach Jillert Anema. Die is min te sprekken oer hoe't it no mei de ferskillende ploegen giet yn syn sport. "As trainers prate we net mear."
Jillert Anema
Jillert Anema © Omrop Fryslân
"Dy ploegen binne sektes", stelt Anema. "As ik ris mei ien in bakje kofje dwaan wol en de trainer heart dat, dan wol dy dat net hawwe."
Benammen de ploegen dy't riders fan oare ploegen opkeapje, neamt Anema 'lytsbernich'.
"De trainer fan Reggeborgh belle yn septimber mei Marijke Groenewoud oft dy net oerstappe woe. Dan hast gjin klasse, gjin styl. Ik fyn it te tryst foar wurden. Dan tink ik: lied sels ris op, soargje dat dyn riders ris pr's ride."
Sjoch hjirûnder nei de komplete útstjoering fan Sportkafee Bakker en De Vries:
Yn de útstjoering wurdt Anema ferrast mei de oeuvrepriis sport. Dat hie hy sels totaal net ferwachte. Hy is der suver emosjoneel ûnder. "Dizze priis is eins foar myn bern, want ik wie der net. Ik hoopje dat se wat grutsk op my binne."

Henk de Jong wol langer by Cambuur bliuwe

Yn it kafee skoot ek Cambuurtrainer Henk de Jong oan. Foar him wie it in bysûnder jier. Hy knapte op fan in kyste yn syn holle en stiet no wer as haadtrainer op it fjild.

De Jong en Cambuur sille de kommende dagen mei elkoar yn petear oer kontraktferlinging, want de gearwurking befalt goed.
"Ik fyn dat ik trainer bin fan in prachtige klup", seit De Jong. "En de klup hat ek goed foar my west. Dus ik bin posityf oer kontraktferlinging. As de klup dat ek is, binne der mooglikheden."
Henk de Jong
Henk de Jong © Omrop Fryslân
Njonken Anema en De Jong komme tal fan oare Fryske sporters ek del yn de útstjoering, sa as Taeke Triemstra, Joël de Jong, Liesette Bruinsma, Ymkje Clevering en Jan van der Bij. Ek binne der bydragen fan Douwe Amels en Femke Kok.
De hichtepunten út de útstjoering binne yn de fideo's hjirûnder te sjen:
Sportkafee Bakker & De Vries is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps.
De reguliere Sportcast is der op moandei 8 jannewaris wer. Dan skoot de Fryske fuotbaltrainer Johnny Jansen oan, dy't no trainer is fan PEC Zwolle.