Femke Kok klasse apart op 500 meter: "Allinnich mar leuker as it gat sa grut is"

Femke Kok
Femke Kok © Orange Pictures
Femke Kok is yn Nederlân oppermachtich op de 500 meter. Se pakte freed foar de tredde kear de nasjonale titel, mar it bliuwt moai. "Ik fyn it noch hieltyd leuk. Hoe grutter it gat, hoe leuker it eins wurdt."
Twa kear pakte Kok freed de winst op de 500 meter. Twa kear wie se goed in heale sekonde rapper as Jutta Leerdam, de winneres fan it sulver.
Mar dat se oppermachtich is, makket it foar har net minder bysûnder. Sterker noch, se hechtet in soad wearde oan de titel. "Want it is echt moai om yn in fol Thialf te winnen. Mei famylje en freonen op de tribune. Mei de Nederlânske flagge oer it iis."

Net wis

It liket foar de bûtenwacht yntusken sawat gewoan te wurden dat Kok wint, mar sels wie se noch net sa wis. "Ik wist net sa goed wat ik fan de konkurrinsje ferwachtsje moast. Mar dat ik sels sa konstant ryd, bin ik hiel bliid mei."
Femke Kok: "Ik tocht allinnich mar: no moat ik oerein bliuwe"
Want konstant, dat wie it. Har tiden op de earste en twadde 500 meter skele mar ien hûndertste.
De ferklearring? "Troch hast plat op myn smoel te gean yn de lêste binnenbocht. Ik hie in hiel soad snelheid yn de twadde rit. Yn de bûtenbocht hie ik al it gefoel dat ik mei Leerdam meirûn. Doe hie ik in misser en tocht ik allinnich mar: no moat ik wol oerein bliuwe."

Net yn 'zak en as'

Sneon rydt Kok noch de 1.000 meter. De favorite ôfstân fan Jutta Leerdam. Op dy ôfstân gong it ferline jier mis foar Kok, se pleatste har net foar it WK.
Wat seit dit goeie resultaat fan freed dan oer de 1.000 meter fan sneon? "Dat wit ik fansels noait, mar it moat der wol ergens yn sitte. Dit resultaat helpt wol. Dat je net yn 'zak en as' sitte en plafondtsjinst hawwe."

Fledderus: doel berikt

Mei Kok en Leerdam giet ek Fledderus nei it EK en WK ôfstannen. Dat se har pleatst hat foar dat lêste toernoai, wie foarôf har grutte doel. "It wie noch bêst wol spannend, dus ik bin hiel bliid dat ik it helle ha."
Marrit Fledderus wol it gat mei Femke Kok lytser meitsje
Fledderus hat op it WK ôfstannen al ris de teamsprint riden, mar noch net earder ried se in yndividuele ôfstân op it WK. En dus wurdt it har yndividuele WK-debút, heal febrewaris yn it Kanadeeske Calgary.
Hielendal tefreden is de 23-jierrige Fledderus net oer har twa 500 meters. Se ried 37,91 en 37,84. "Ik ha wolris better riden", seit se oer dy earste tiid. "Ik fyn dat it gat mei Femke te grut is. Dat lytser meitsje, is wol echt in doel."
Efterôf die bliken dat har tiid genôch wiene foar in brûnzen medalje en ynternasjonaal startbewiis, ek al ried se yn de twadde omloop noch flugger. "Mar it is noch hieltyd net wat ik kin. Hooplik bewarje ik dat foar letter", seit Fledderus, dy't sneon ek noch de 1.000 meter rydt.
Sneon is de lêste dei fan it NK ôfstannen. It programma:
  • 12.45 oere: 10.000 meter manlju
  • 14.36 oere: 5.000 meter froulju
  • 15.39 oere: 1.000 meter manlju
  • 16.23 oere: 1.000 meter froulju
  • 17.10 oere: massastart manlju
  • 17.29 oere: massastart froulju