Groenewoud wol gjin twadde Zoetemelk wurde: "Oh nee, hâld mar op"

Marijke Groenewoud
Marijke Groenewoud © Orange Pictures
Marijke Groenewoud hat twa tickets foar it WK ôfstannen binnen en se is wis fan dielname oan it WK allround. Dochs wachtet se noch op har earste Nederlânske titel, nei opnij in twadde plak. "Mar no bin ik minder teloarsteld as in dei earder."
De 24-jierrige Groenewoud hat dit toernoai trije út trije: twa medaljes op it WK ôfstannen én pleatsing foar it WK allround. "Trije út trije. Ja. Oh, bedoelst it WK allround ek. Ja, dat hearde ik krekt. Dat is hiel moai."
Trochdat se it klassemint oer de 1.500 en 3.000 meter wint, is se al wis fan dielname oan dat WK allround yn Inzell. De oare twa dielnimmers moatte har noch fia it NK allround besykje te pleatsen.
"It is toch lekker dat je dat al ha. Al sil ik ek echt wol in NK allround ride, hear."
Marijke Groenewoud pakte de iene nei de oare priis, mar noch gjin nasjonale titel
Groenewoud knokte freed yn in streekrjocht duel mei ploechgenoat Irene Schouten om de titel op de 3.000 meter. Lang wie it spannend en sieten se tichtby elkoar. "Ik koe myn rit moai flak hâlde. We rieden moai lykop. Dan ried ik foar, dan sy wer. Ik tink wol dat it in moaie race wie."

Lêste bûtenbocht nekket Groenewoud

Mar it feit dat Schouten de lêste binnenbocht hie, nekke Groenewoud. "Ik besocht wol yn de lêste ronde hurd ûnder har troch te gean, mar ik hie ek net folle enerzjy mear. As ik dy lêste binnenbocht hân hie, wie it miskien oars gong. Al witte je dat ek net hielendal."
Dat moat mar net.
Marijke Groenewoud wol net de ivige twadde wurde
Tongersdei waard Groenewoud ek twadde. Doe op de 1.500 meter. "Ik tink dat ik doe krekt wat mear teloarsteld wie as no, dat wol."
Sneon, op de lêste dei fan it NK ôfstannen, binne der noch trije ôfstannen foar Groenewoud: de 1.000 meter, de 5.000 meter en de massastart. Noch noait pakte se in titel op it NK ôfstannen.
En no einiget se dus alwer twa kear as twadde. Hoe soarget se derfoar dat se gjin twadde Joop Zoetemelk wurdt? "Ehm, ik ha de namme wolris heard. Mar ik ken him net."
Zoetemelk waard hiel faak twadde. "Ooooh, nee, hâld mar op. Dat moat mar net."
Antoinette Rijpma-De Jong: "Ik kom krekt wat krêft tekoart"
Antoinette Rijpma-De Jong pakte tongersdei noch wol in ticket foar de WK ôfstannen op de 1.500 meter. Dat slagge har freed mei in fiifde plak op de 3.000 meter net. En dat wylst se wrâldkampioene wie op dy ôfstân en trijefâldich Nederlânsk kampioen. "Tsja, dan sjochst nei dy útslach. Dan is dat wol skande."

Tsjin in muorre opride

Dochs fynt se net dat se in minne race delsette. "4.01 is net ferkeard. Mar ik fernim dat ik dan krekt wat krêft tekoart kom. Dan rydst tsjin in muorre op."
Sneon komme de beide froulju wer yn aksje. It programma fan de slotdei fan it NK ôfstannen:
  • 12.45 oere: 10.000 meter manlju
  • 14.36 oere: 5.000 meter froulju
  • 15.39 oere: 1.000 meter manlju
  • 16.23 oere: 1.000 meter froulju
  • 17.10 oere: massastart manlju
  • 17.29 oere: massastart froulju
De Jumbo-ploech rydt dit seizoen noch net sa goed. Ek op dit toernoai binne se de poadiumplakken skaars. "De ôfrûne jierren stiene we fansels mei mear minsken op it poadium", jout Rijpma-De Jong ta.
"Mar ik sjoch foaral nei mysels. Trije jier lyn ried ik hjir in baanrekôr, mar der binne wol oare riders dy't ek alwer ûnder dy tiid gien binne."

Mear konkurrinsje

Neffens Rijpma-De Jong is se sûnt dat baanrekôr sels net minder wurden, mar binne der wol oaren dy't better wurden binne.
"Doe begûn eltsenien hurder te riden. Doe hiene se soks fan: as Antoinette it kin, dan kinne wy dat ek. En gongen se hieltyd hurder en hurder. Ik ryd no sels ek oars. Dat hat der ek mei te krijen. Dat is ek net maklik."