Fakânsjepark Hylpen goede wike ticht fanwegen heechwetter Iselmar

It wetter slacht oer de kade by it fakânsjepark yn Hylpen
It wetter slacht oer de kade by it fakânsjepark yn Hylpen © CAMJO media
Fakânsjepark Europarcs yn Hylpen is op lêst fan de gemeente Sudwest-Fryslân ûntromme fanwege it hege wetter by de Iselmarkust. De 70 húskes steane de kommende tiid leech.
"Komend weekend, met oud en nieuw, zouden we voor het eerst helemaal volgeboekt zijn", fertelt parkmanager Wianda Dijksma.
It park is sûnt maaie iepen. "We waren er als team helemaal klaar voor, maar we hebben de reservering moeten afzeggen en omboeken."
Fakânsjepark Hylpen ûntromme fanwegen heechwetter
It sit de ûndernimmers net mei. Yn it nagelnije fakânsjepark wie fan it simmer in gaseksploazje, wêrby't ien sjalet folslein opblaasde. In buorfrou rekke ferwûne.
De húskes steane bûtendyks. De kombinaasje fan heechwetter en de hurde wyn soarget derfoar dat de golven oer de dyk hinne komme. In leanbedriuw pompt al de hiele wike wetter werom de Iselmar yn.

Tige spannend

Tongersdeitenacht wie it tige spannend: mei seis pompen ha se manmachtich wurke om skea oan de húskes foar te kommen.
"We hebben voorzorgsmaatregelen genomen. Zo hebben we meubels naar boven geplaatst en de gordijnen hoger opgehangen", seit Dijksma.

Situaasje no better

Sa't it no liket, hawwe de húskes gjin wetter makke. De situaasje wie op freed al wat better; it wetter is wat sakke en der hoegden noch mar trije pompen brûkt te wurden.
It park is yn elts gefal noch oant 8 jannewaris ticht.