De âlde Suzanne Schulting komt werom: "Zonder twijfel"

Suzanne Schulting
Suzanne Schulting © Omrop Fryslân
Se rûn in firus op, wie hast oertraind en krige it mes fan in reed yn 'e rêch. It jier fan Suzanne Schulting wie ien om gau te ferjitten, mar se hat der wol alle fertrouwen yn dat de âlde Schulting weromkomt.
It is maart 2023 as it WK yn Seoel der krekt op sit. Schulting sit foar de fideoferbining mei parse yn Nederlân en se hat de emoasjes net mear ûnder kontrôle.
Se gûlt en wit net wêr't se it sykje moat. "Ik ben gewoon kapot."

Firus soarget foar wurgens

Schulting nimt efkes ôfstân fan de sport, giet op fakânsjes, mar se bliuwt wurch. Ek as se traint, knapt se net goed op. "Ik heb een medische test gehad in mei. Daar kwam uit dat er iets niet goed zat."
Letter komt se derefter dat se it cmv-firus ('cytomegalovirus') hat: in soarte herpes-firus dêr't je wurch fan wurde kinne.
"Dat virus heeft meegespeeld dat ik niet goed herstelde. Het is niet na een maand weer uit je lijf. Ik herstelde niet snel genoeg. En ik was heel moe. Je moet het zien als een hele heftige vorm van de ziekte van Pfeiffer."
Suzanne Schulting oer de wurgens dêr't de bot fan te lijen hie
Mar net allinnich it firus soarget derfoar dat se net topfit is. It wie in kettingreaksje, seit se sels.
"Als je moe bent, heb je weinig energie om uit bed te komen en moet je er erg aan trekken om de dag door te komen. Dat doet mentaal ook weer wat met je. Maar het mentale aspect is niet de reden geweest waardoor ik niet goed herstelde. Ik was niet depressief, of zo."

Mes yn de rêch

Op 6 novimber falt se by in training en komt it mes fan ien fan de redens fan Xandra Velzeboer by har yn 'e rêch. "Dat was niet lekker, nee."
De sneed yn Schulting har rêch
De sneed yn Schulting har rêch © Suzanne Schulting (op instagram)
De sneed soarget derfoar dat der flink wat bloed útkomt en Schulting moat mei nei it sikehûs. De wûne kin fierder gjin kwea en se knapt der wer goed fan op.
"Ik merkte dat ik heel veerkrachtig was. Ik had heel veel energie. Ik had veel zin om te trainen. Dat had twee kanten op kunnen gaan. Dat ik minder energie ging voelen. Maar dat had ik juist niet."
Suzanne Schulting oer it ûngelok op it iis: "Dat was niet lekker"
Fierder hat se no eins gjin lêst mear fan dy sneed op har rêch. Der sit noch wol in spesjale pleister op.
"Dat houdt het litteken soepel. Dat heb ik in principe er de hele dag op zitten. Dat voel je niet. Het is een soort second skin. Als het er niet op zit, voelt het stijf. Maar tijdens het shorttracken heb ik daar geen last van."
Je wilt ergens naartoe leven.
Suzanne Schulting rjochtet har op it WK yn Rotterdam
Earst wie it Europeesk kampioenskip yn it twadde wykein fan jannewaris it doel fan Schulting, mar dat komt te betiid.
Dêrom rjochtet se har no op de wrâldbekers yn Dresden (9-11 febrewaris) en Gdansk (16-18 febrewaris). En dêrnei it WK yn Ahoy, Rotterdam (15-17 maart).
"Je wilt ergens naartoe leven. En dat is dan voor mij het WK. Eerst wil ik de wereldbekers weer internationale wedstrijden gaan rijden."
Suzanne Schulting oer har nije doelen
Yntusken is Schulting 26 jier. Se wûn alle titels dy't se winne koe. Mar keart se noch foar it WK wol wer werom op har âlde nivo?
"Oeh, dat weet ik echt niet. Dat kan ik gewoon niet goed inschatten. Mijn gevoel is wel dat dat weer gaat komen, maar dat kan ik nu niet met honderd procent zeggen. Die garantie kan en wil ik niet geven."

Twivels

Op trainingen lit se alwer sjen dat se hast wer op it âlde nivo is. Se skat sels yn dat se op 90 persint sit.
"Ik voel ergens dat het weer goed gaat. Maar ik kan nu niet zeggen dat ik er zo-en-zo voor sta. Ik wil echt wel weer voor A-finales ga. Maar ik weet nu gewoon nog niet hoe ik er straks voor sta."
Twivels oer har foarm op it WK, dy binne der. Mar twivels oer oft de âlde Schulting oait wer weromkomt? Nee, dy net. "Die komt wel weer terug. Zonder twijfel."