Roel Cazemier (64) wurdt de nije boargemaster fan Skylge

Roel Cazemier
Roel Cazemier © Omrop Fryslân
Roel Cazemier (64) is de kommende tiid waarnimmend boargemaster fan gemeente Skylge. De âld-boargemaster fan ûnder oare Amelân en Dongeradiel folget Caroline van de Pol op.
Dat is freedtemiddei bekendmakke op it Provinsjehûs yn Ljouwert. Van de Pol wurdt fan 2 jannewaris ôf mei ferlof stjoerd en begjint ein maart as nije boargemaster fan Castricum (Noard-Hollân).
Roel Cazemier (64) wie fan 1994 oant 2000 boargemaster fan Amelân en fan 2000 oant 2008 fan de eardere gemeente Dongeradiel. Fierder wie de VVD'er fjouwer jier foarsitter fan de Raad voor de Wadden.
Roel Cazemier yn 2000
Roel Cazemier yn 2000 © Omrop Fryslân
Cazemier wie earder sân jier lang amtner by de provinsje Fryslân en hat en oardel jier algemien direkteur fan Omrop Fryslân west.

Fersteurde ferhâldings

Yn de Skylger gemeenteried binne der al in skoft slim fersteurde ferhâldings tusken de boargemaster, wethâlders en de riedsleden. Foar in mediationtrajekt waard 100.000 euro útlutsen, mar dat hat ta neat laat.
Caroline van der Pol
Caroline van der Pol is mei de jierwiksel noch wol boargemaster © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
By in gearkomste op 15 desimber om de kwestje út te praten krige Van de Pol telefoan. Doe krige se te hearren dat se boargemaster fan Castricum wurde koe. Se gie dêrnei fuort út de gearkomste. Guon riedsleden wienen fan betinken dat it suver in "schoffering van de raad" wie.

Underfining mei Waadgebiet is "in pre"

Mei Cazemier krijt Skylge in bestjoerder mei ûnderfining, en dat fynt kommissaris fan de Kening Arno Brok wichtich. "Hy hat op ferskate plakken boargemaster west, wêrûnder twa kear yn Fryslân. Boppedat hat er in soad ûnderfining mei it Waadgebiet, dat fyn ik ek in pre."
Brok is wiis mei de ûnderfining dy't Cazemier hat
Cazemier is ree om langer as twa jier op Skylge te bliuwen en foldocht dêrmei oan in winsk fan de ried. Boppedat is de ynwenner fan Boelensloane fan doel om op it eilân te wenjen. "Hy hat der nocht oan."
We zijn ervan overtuigd dat hij de boel weer op de rails kan brengen.
Hendrik van der Wielen, fraksjefoarsitter CDA Skylge
De nestor fan de Skylger ried, CDA-fraksjefoarsitter Hendrik van der Wielen, is ek tefreden. "Of hiermee de bestuurlijke crisis is opgelost, moet de toekomst ons leren, maar hij is bekend met het Waddengebied en heeft een enorme staat van dienst. We zijn ervan overtuigd dat hij de boel weer op de rails kan brengen."
Neffens Van der Wielen soe it ferstannich wêze as Cazemier langere tiid bliuwt. "Dan kan een volgende raad aan de slag met een nieuwe burgemeester."
Kommissaris Brok hat bepaald dat Van de Pol oant 2 jannewaris noch aktyf bliuwt as boargemaster, mei it each op de feestdagen en eventuele kalamiteiten.