Ljouwerter Iris de Graaf wurdt presintator fan it NOS Journaal

anp
Iris de Graaf © ANP
Sjoernaliste Iris de Graaf wurdt presintator fan it NOS Journaal. De 32-jierrige De Graaf, dy't berne waard yn Ljouwert, wie Ruslân-korrespondinte foar de NOS.
Fan 1 jannewaris ôf sil sy dêrmei ophâlde en wurdt sy ynwurke by it NOS Journaal. De Graaf die al sûnt maaie fan dit jier ferslach fanút Hilversum, om't de haadredaksje besleat har fanwegen de feiligens út Moskou werom te lûken.
"Dat ik nu in deze nieuwe rol Nederland mag blijven informeren over wat er allemaal in de wereld gebeurt, is een prachtige nieuwe stap in mijn carrière, juist in deze journalistiek uitdagende tijden", neffens De Graaf.
De Graaf kaam yn 2016 by de NOS; earst as redakteur by NOS op 3 en letter by NOS Stories, dêr't se ek presintearre. Dêrnjonken wurke se sûnt 2017 op de bûtenlânredaksje.

Afke Boven

Njonken Iris de Graaf presintearret ek Friezinne Afke Boven al hast twa jier it NOS Journaal.