Sertifikaten fan 117 skippen fan skorst keuringsburo foar ien kear ferlinge

De keuring fan in skip
De keuring fan in skip © Shutterstock.com (Aree_S)
De sertifikaten fan 117 binnenfeartskippen dy't klant binne fan keuringsburo NBKB wurde foar ien kear ferlinge. De Inspectie Leefomgeving en Transport wol sa foarkomme dat se yn de problemen komme.
Yn de sertifikaten stiet oft de skippen foldogge oan alle keuringseasken. De grutste keuringsynstânsje, keuringsburo NBKB (Nederlands Bureau Keuringen Binnenvaart), waard yn oktober foar in healjier skorst.
De lisinsje is tydlik ynlutsen om't it buro de bedriuwsfiering net op oarder hawwe soe en partidich wêze soe.

Akkreditaasje

As it NBKB der net yn slagget yn dat healjier ferbetteringen troch te fieren, wurdt de folsleine akkreditaasje ynlutsen.
Akkreditaasjes wurde ôfjûn troch de Raad van Accreditatie, dat tafersjoch hâldt op de sertifisearring fan ûnder oaren skippen yn de binnenfeartsektor.
It giet inkeld om de binnenfeartskippen
It giet inkeld om de binnenfeartskippen © ANP
It probleem is lykwols dat de NBKB sa'n 60 persint fan de skippen as klant hat. Dat binne der goed 7.900, in grut oantal dus. It giet om in grut ferskaat: fan binnenfeartskippen oant histoaryske sylskippen.
Troch de situaasje om de skorsing hinne, binne der 117 skippen wêrfan't de papieren foar 1 maart ferfalle. Dy termyn wurdt automatysk ferlinge. Sa moat foarkaam wurde dat de skippen net mear farre kinne of yn it bûtenlân oan de ketting lein wurde.

Ungelokken foarkomme

By guon brânsorganisaasjes wie ûnrêst oer de gefolgen fan de skorsing fan it NBKB. Benammen om't it ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat koartlyn besletten hat dat alle skippen fan de brune float foar 1 april keurd wurde moatte.
Sa wol demisjonêr minister Mark Harbers besykje foar te kommen dat der op 'e nij ûngelokken foarkomme lykas mei it sylskip Risico ferline jier. Dêrby kaam de 12-jierrige Tara om it libben.
De skipper fan de Risico is koartlyn feroardiele ta in wurkstraf fan 150 oeren. Hy giet yn berop tsjin de straf. It Iepenbier Ministearje ek, dy wol dat de skipper in beropsferbod oplein kriget.