Wetterpeil sakket hieltyd fierder: Woudagemaal wurdt útset

It wetter by Ryptsjerk stiet heech
It wetter by Ryptsjerk stiet heech © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
It wetterpeil yn Fryslân sakket hieltyd fierder. It Woudagemaal op De Lemmer wurdt dêrom yn de rin fan freedtemiddei útset. Wetterskip Fryslân hat de ekstra ynset fanwegen de hege wetterstannen yntusken ôfskaald.
De kommende dagen wurdt noch wol delslach ferwachte, mar net safolle dat der maatregels nedich binne. It wetterpeil fan de Fryske boezem is neffens it wetterskip goed te behearskjen.
It peil stiet op dit stuit op 46 sintimeter ûnder NAP. Op Twadde Krystdei berikte it wetterpeil noch de heechste stân: 33 sintimeter ûnder NAP.
De kommende dagen wurdt besocht it doelpeil fan 52 sintimeter ûnder NAP te berikken. Dêrfoar bliuwe it Hooglandgemaal by Starum en De Heining by Marrum kommende wykein noch op folle krêft draaie.

Polders ûnderstrûpt

Troch de hege wetterstân op De Iselmar binne wol twa bûtendykse lânboupolders by De Lemmer en Aldemardum ûnderstrûpt. As it peil yn De Iselmar wer sakket, wurde de polders leechpompt.
It Woudagemaal op De Lemmer
It Woudagemaal op De Lemmer © Omrop Fryslân, Onno Falkena
De slûzen by Terkaple, Goiïngaryp en Akmaryp kinne tongersdei ek wer iepen, om't it minder hurd waait as tongersdei.

Tûzenen besikers Woudagemaal

It histoaryske Woudagemaal wie sûnt 19 desimber yn bedriuw. De ôfrûne dagen ha yn totaal sa'n 4.300 minsken in besite brocht oan it gemaal. Tongersdei wie de pyk; doe wiene der 1.300 besikers.