Tal fan fûgelleafhawwers spotte bysûndere 'Meenatortel' yn Snits

De Meenatortel dy't dizze dagen yn Snits omfljocht
De Meenatortel dy't dizze dagen yn Snits omfljocht © Sebastiaan Koppelle (Waarneming.nl)
Talleaze fûgelleafhawwers út it hiele lân kinne dizze dagen harren hert ophelje yn Snits. In bysûndere 'Meenatortel' oerwinteret dêr al in skoftke yn de tunen fan bewenners fan de Lemmerweg-West.
De earste offisjele wiernimming fan de fûgel wie ôfrûne woansdei. Fûgelleafhawwer Vincent Douwes fan Ljouwert wie der oan de ein fan dy dei ek, mar seach de Meenatortel doe net.
"Donderdagochtend stond ik dus alweer vroeg paraat", sa fertelt hy. "En toen zag ik hem. Het is een hele bijzondere vogel."
Tal fan fûgelleafhawwers spotte bysûndere 'Meenatortel' yn Snits
"De allereerste keer dat er een Meenatortel in Nederland werd gespot was in 2009, toen in Wergea", neffens Douwes. "Toen kwam heel vogelend Nederland er naartoe. Het was een bijzonder gezicht: allemaal mensen met verrekijkers die door de straten renden."
Sûnt dy tiid is de soarte noch in pear kear opdûkt yn Nederlân, en no dizze dagen wer yn Snits.
De Meenatortel is in saneamde 'dwaalgast'. Hy komt gewoanwei foar yn Sintraal-Azië en wurdt net faak yn Nederlân sjoen. Gewoanwei oerwinteret de Meenatortel yn Yndia en omjouwing. De dowesoart wurdt ek wol de Easterske toartel neamd.
De fûgel ferskilt kwa grutte net safolle fan in 'gewoane' do, mar is wol wat steviger boud. Typearjend foar de Meenatortel is it kleurde plakje op 'e nekke, dêr't er oan te herkennen is.
Hoe't de fûgel dizze kear yn Fryslân bedarre, is net dúdlik. Fûgelkenners sizze dat klimaatferoaring der wat mei te krijen ha kin: as in fûgel as de Meenatortel it paad bjuster rekket, is it minder slim om hjir ek te ferbliuwen. Hielendal as der, sa as yn Snits, in soad fretten yn de tunen leit.
"Blijkbaar heeft hij het wel goed in Sneek. Hij zit hier samen met wat Turkse tortels. Er staan tien huizen met de achtertuinen naar elkaar toe en verschillende bewoners zijn daar aan het voeren. Volgens hen zit het beestje er eigenlijk al een paar weken. Als er maar voer is, en het veilig is voor roofdieren."

Twadde kear yn Snits

Neffens Vincent Douwes is it de twadde kear dat der yn Snits in Meenatortel opdûkt. It soe deselde fûgel wêze kinne; de tortels kinne wol sa'n tweintich jier âld wurde. Mar oft dat echt sa is, bliuwt gisjen.
De Meenatortel tusken de tûken
De Meenatortel tusken de tûken © Wytse V. (Waarneming.nl)
It liket der wol op dat de Meenatortel hieltyd faker yn West-Europa te sjen is. "Je ziet bij meerdere vogelsoorten dat het verandert, dat trekroutes veranderen", neffens Douwes.
Sels hat de Ljouwerter dit jier al mear as trijehûndert fûgelsoarten wiernommen: in rekôr yn 2023. It moaie fan it 'fûgelspotten'? "Het competitieve, het willen winnen", leit Douwes út. "En het is mooie bijkomstigheid dat je veel buiten bent. Het is een avontuur."

Noch mear spotters?

Kommend wykein soene der samar ris noch hiel wat fûgelleafhawwers nei Snits lûke kinne. "Want heel veel vogels zijn Nederland momenteel al uit. Dan is dit nog wel mooi om zo op deze vrije dagen mee te pakken", beslút Douwes.