Liveblog | 29 desimber 2023

112-nijs 29 desimber: Fiif ferwûnen by ûngelok op Ofslútdyk | Treinen ride wer

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 29 desimber 2023, 22:12
22:12

Treinen ride wer

De treinen op it trajekt Ljouwert-Zwolle ride wer as gewoan. Sûnt fan 'e moarn betiid wienen der problemen troch koperstellerij by Akkrum. Dêrtroch rieden der earst in skoft gjin treinen tusken Ljouwert en It Hearrenfean. Letter koenen de treinen wol ride tusken Ljouwert en Akkrum, mar moasten reizgers tusken Akkrum en It Hearrenfean mei de bus.
De skea oan it spoar by Akkrum wie grut, fertelde spoarbehearder ProRail. Der wienen bygelyks stikken spoar trochbaarnd.
22:00

Ofslútdyk wer iepen

De Ofslútdyk is wer frijjûn. De dyk rjochting Fryslân wie sûnt 16.00 oere ticht, nei in swier ûngelok, wêrby't fiif ferwûnen foelen.
Nei dat ûngelok die de plysje ûndersyk. Ferkear nei Fryslân ta waard omlaat fia Flevolân.
18:37

Fiif ferwûnen by ûngelok op Ofslútdyk

Ungelok op de Ofslútdyk
Ungelok op de Ofslútdyk © CAMJO media
By it ûngelok op de Ofslútdyk fan 'e middei binne fiif minsken ferwûne rekke. Minstens ien persoan rekke swierferwûne, meldt de plysje.
Der wienen twa auto's by it ûngelok belutsen. Alle slachtoffers binne oerbrocht nei it sikehûs.
De A7 rjochting Fryslân is noch hieltyd ticht. It is net dúdlik wannear't de dyk wer frijjûn wurdt.
17:00

Oerfal besocht op tankstasjon

Oerfal op tankstasjon
Oerfal op tankstasjon © Kappers Media
In man hat niiskrekt besocht in tankstasjon oan de Bitgumerdyk yn Berltsum te oerfallen. Dat meldt de plysje.
De fertochte is derfan trochgien. It is net dúdlik oft der mear minsken belutsen wienen.
16:44

Ungelok en file op de Ofslútdyk

File en helptsjinsten op de Ofslútdyk
File en helptsjinsten op de Ofslútdyk © CAMJO media
Op de Ofslútdyk hat in ûngelok west, op 'e hichte fan Breesândyk, yn 'e rjochting nei Fryslân ta. Der binne yn elts gefal twa auto's by belutsen en der soene meardere ferwûnen wêze. De dyk nei Fryslân ta is ôfsletten foar it ferkear. Der binne ferskate ambulânsen oproppen en der stiet in file.
16:22

Hiele dei gjin treinen mear tusken It Hearrenfean-Akkrum

De skea oan it spoar by Akkrum is noch folle grutter as tocht, jout ProRail oan. Der binne ek stikken trochbaarnd. Dêrom ride der hjoed gjin treinen mear op it trajekt tusken Akkrum en It Hearrenfean. In wurdfierder fan ProRail doart noch gjin útspraken te dwaan oer wannear't de treinen wol wer ride.
Earder wie de ynskatting fan de NS dat de problemen om 18.00 oere wol oplost wêze soene. De trein rydt noch wol tusken Akkrum en Ljouwert. Op it stik tusken Akkrum en It Hearrenfean wurdt stopbossen ynset.