Wa wurdt de nije boargemaster fan Skylge? "Der moat ien komme om de binde op te romjen"

Lennard Jan Geerts folget de Skylger gemeenteried
Lennard Jan Geerts folget de Skylger gemeenteried © Omrop Fryslân
Wa wurdt de opfolger fan Caroline van de Pol as boargemaster fan Skylge? Dy fraach hâldt it eilân al in pear dagen dwaande. Freed komt der dúdlikheid oer: dan wurdt bekend wa't de taken fan Van de Pol foarearst oernimt.
Ferslachjouwer Lennard Jan Geerts hat de situaasje op it eilân op de foet folge. Mei him sjogge we foarút op wat der freed barre sil.
In wike lyn dat dúdlik waard dat Caroline van de Pol ophâlde moast. Is it net frij rap dat der no al in opfolger is?
"Dat is sa, mar it is ek wol nedich, want dy opfolger moat 2 jannewaris al oan de slach. Dat hat Kommissaris fan de Kening Arno Brok sa bepaald. Caroline van de Pol wurdt fan 2 jannewaris ôf mei ferlof stjoerd en har ûntslach folget pas op 28 maart as se oan de slach sil as boargemaster yn Castricum."
De grutte fraach is no fansels: wa folget har op?
"Dat witte we noch net, dat wurdt freedtemiddei bekend. Dan is de beneaming fan de waarnimmend boargemaster en wurdt dy ek foarsteld oan de fraksjefoarsitters fan Skylge. De gearkomste is yn it provinsjehûs, dêr komme alle fraksjefoarsitters nei ta en as it goed is, stimme dy mei de foardracht yn.
Der binne net mear in soad opsjes om te sizzen: dizze wolle we net. Teoretysk kin it wol, mar eins hat Brok de grutste stim yn dizze kwestje en hy bepaalt wa't it wurdt. Boppedat sjocht eltsenien ek wol dat der wat feroarje moat op Skylge."
Yn de Skylger ried binne der al in skoft slim fersteurde ferhâldings tusken de boargemaster, wethâlders en de riedsleden. Foar in mediationtrajekt waard 100.000 euro útlutsen, mar dat hat ta neat laat.
By in gearkomste op 15 desimber om de kwestje út te praten krige Van de Pol telefoan. Doe krige se te hearren dat se boargemaster fan Castricum wurde koe. Se gie dêrnei fuort út de gearkomste. Guon riedsleden wienen fan betinken dat it suver in "schoffering van de raad" wie.
Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat úteinlik bepaald Van de Pol fan 2 jannewaris ôf ferlof te jaan oant it momint dat se boargemaster wurdt yn Castricum.
Wat makket ien in geskikte boargemaster foar Skylge?
"It is in drege opjefte om boargemaster te wêzen op Skylge. Der binne in soad faktoaren dêr't nei sjoen wurde moat. It is in lytse mienskip, minsken kenne elkoar allegear. Der rinne allegear lyntsjes, dy't minsken fan bûten it eilân net kenne.
Oan de oare kant makket dat ien fan bûtenôf ek wol wer geskikt. Dy kin sizze: we dogge it ris hoe't ik it wol en net hoe't it altyd al giet. Guon wethâlders sitte der al tsien jier. Dêr moatte je ek mei omgean kinne."
Wurde der al nammen neamd?
"Der wurde wol in pear nammen neamd. Op it eilân ha ik in pear kear de namme Rob van der Zwaag heard, hy wie oant in wike lyn waarnimmend boargemaster fan Teksel. Dêrfoar hat er 17 jier boargemaster west fan Veere yn Seelân, ek in gemeente mei in soad toeristen. It is ek in lytse gemeente, it liket wol wat op in waadeilân. Dus dat soe samar kinne."
Rob van der Zwaag
Rob van der Zwaag © ANP
"Mar ek minsken dy't púnheapen opromje moasten op oare eilannen, lykas Tineke Schokker op Flylân en Gerard van Klaveren op It Amelân, wurde neamd. Sy binne beiden wer beskikber en hawwe in soad ûnderfining op in eilân.
Hjir sizze se no ek: der moat no mar ien komme dy't de binde opromje sil."
Soe de eardere boargemaster fan Hearrenfean, Tjeerd van der Zwan, ek in opsje wêze kinne?
"Hy is fansels ek klear foar wat oars. In troch de kroan beneamde boargemaster mei net âlder wêze as 70 jier. Dêrom moast er ophâlde op It Hearrenfean. Mar dêrnei kinst noch wol ynfalle as waarnimmer, dus it soe samar kinne dat Van der Zwan it wurdt."
No is Van de Pol noch boargemaster, mar is se ek echt oan it wurk?
"Brok hat sein: bliuw mar oan oant 2 jannewaris, mei it each op de feestdagen, foar kalamiteiten. In pear dagen lyn wie der brân yn in hotel, dêr hat se west om te praten mei helpferlieners. Op earste krystdei wie der in surfer fermist, ek dêr wie se by. Dus se docht noch gewoan har taken."
Wannear witte we mear?
"De gearkomste is om 14.00 oere. Dan folget der in foarstelrûntsje en wurdt der stimd. Dêrnei is der foar de nije boargemaster gelegenheid om famylje en neisten yn te ljochtsjen. Ik ferwachtsje dat it nijs om 16.30 oere hinne nei bûten komt."