Sike Jorrit Bergsma nei teloarstellende fiif kilometer: "Hjoed goed fertarre en posityf bliuwe"

Jorrit Bergsma nei syn 5 kilometer
Jorrit Bergsma nei syn 5 kilometer © Orange Pictures
It sit Jorrit Bergsma dit jier noch net mei. Yn juny bruts hy syn skouderblêd, hy pleatste him net foar de earste wrâldbekers en no waard hy krekt foar it Nederlânsk Kampioenskip siik.
En dat wylst dit NK miskien wol it belangrykste toernoai fan it seizoen is. Hjir moatte de riders harren pleatse foar de belangrike toernoaien. En dat binne dit jier it EK en WK ôfstannen en it WK allround en sprint.
Mar foar de fiif kilometer pleatst Bergsma him yn alle gefallen net. Hy waard "mar" sânde. Al hat dat in reden. "Ik bin flink siik west. Hege koarts hân."

Hoopje op in wûnder

In flinke domper, sa krekt foar dit belangrike kwalifikaasjemomint. "Dan wit je: dit komt net goed út. Dit wurdt lestich. Dit wurdt 'kantje boord'. Je hoopje op in wûnder. Mar it foel hjoed net mei. It kaam gewoan te betiid."
Bergsma waard flink siik, mar ek medisinen holpen him net om op tiid wer folslein fit te wurden. "Ferline wike moandei hie ik it te pakken. Woansdei wie ik wol echt efkes min. Doe ha ik noch antybiotika krigen. Dan binne je oant freed oan it útsykjen."
Jorrit Bergsma hat siik west en miste dêrtroch pleatsing op de 5.000 meter
En sa wist Bergsma eins yn it foar al dat it tongersdei neat waard. "Je witte dan dat it hjoed hiel lestich wurdt. Dan ride je in sânde tiid. Dêr hâld je dan rekken mei. Uteinlik falt it my net iens ôf. Ik koe 'm noch reedlik flak hâlde. Dat biedt noch wol perspektyf foar de tsien kilometer."

Hoop op de tsien kilometer

Snein komt der noch ien kâns foar Bergsma om wat fan it seizoen te meitsjen. Want as Bergsma op de tsien kilometer net by de earste twa eindiget dan sit it seizoen op de langebaan der sa goed as wis op.
Dus is alle hoop fêstige op snein. "Dan binne we dochs wer twa dagen fierder. En op de tsien kilometer leit de snelheid wat leger. Dus ha ik wol hoop dat ik dêr in flakke race delsette kin."
Mar no earst gau nei it hotel. Op bêd. Om te herstellen. "Ik hoop dat ik hjoed goed fertar. Dat ik hjir goed fan herstel. En dat ik sneon wer fris bin. Je moat posityf bliuwe."
Marwin Talsma foel krekt bûten de boat en waard fjirde
Foar Marwin Talsma rûn de 5000 meter krekt wat better. Hy waard fjirde. Mar dêrmei is hy net mear as earste reserve foar it WK ôfstannen.

Corona

Mar lykas Bergsma wie ek Talsma net fit rjochting dit toernoai. "Ik bin nei de wrâldbeker yn Sina siik wurden. Doe ha ik hege koarts hân. En nei de wrâldbeker yn Poalen ha ik corona oprûn. Dus ha ik ek wer op bêd. Dat binne dan twa wiken, dy't gewoan fuort binne."
Sadwaande kaam Talsma net bepaald yn foarm oan de start. "Dyn line wurdt kompleet ûnderbrutsen. Skematisyk. Mar ek rjochting sa'n toernoai. Wat docht it mei je lichem? Hoe goed binne je longen? Dus ja, dan witte je dat je gjin goeie tarieding ha."