Teloarstelling oerhearsket by Groenewoud en Rijpma-de Jong, mar: "Pleatse is it belangrykst"

It poadium op de 1.500 meter
It poadium op de 1.500 meter © Orange Pictures
Marijke Groenewoud en Antoinette Rijpma-de Jong stiene op it poadium op de 1.500 meter fan it NK ôfstannen. Dochs is it Fryske twatal teloarsteld nei ôfrin.
'As twa hûnen fjochtsje om in bonke, giet de tredde der mei hinne.' Dat is it idee dat je tongersdei krigen yn Thialf. Groenewoud en Rijpma-de Jong wiene de topfavoriten foar de Nederlânske titel, mar se seagen dat Joy Beune dermei fan troch gie.
Uteinlik einiget Groenewoud op krekt wat mear as in heale sekonde efter Beune as twadde. Rijpma-de Jong hellet brûns mei in tiid dy't in tsiende stadiger is as dy fan Groenewoud.
Marijke Groenewoud hie hope op de Nederlânske titel en baalt fan it twadde plak
"De teloarstelling oerhearsket wol in bytsje, want ik hie mysels wol aardich yn de favoriterol drukt", seit Groenewoud. "De rit wie net hielendal super, dus dêr baal ik dan wol fan."
Neffens de Grouster hie se harsels yn de favoriterol drukt troch har goeie prestaasjes yn de wrâldbekers en de flugge trainingswedstriid fan ferline wike. "Dy wie noch wol opfallen. Dus se ferwachten hiel wat fan my. Ik wie gewoan goed, mar it wie hjoed net hielendal sa't it moast."

Rijpma-de Jong komt der net lekker yn

Yn de slotrit hie Rijpma-de Jong de tiid fan Beune graach oanfalle wollen, mar by de start waard se ferrast troch in falpartij yn de oare baan fan Esther Kiel.
Dêrtroch moast Rijpma-de Jong har 1.500 meter allinnich ride. "Ast sa begjinst mei in rit, dan kom ik der sels net mear lekker yn. Dan wurdt it mear knokke as datst technysk goed ride kinst. No wie it alles of neat", konkludearret se.
Se ferliest dêrtroch har Nederlânske titel, dy't se de ôfrûne twa jier wûn op de 1.500 meter. Mar pleatsing foar it EK en WK ôfstannen is wol wis mei har tredde plak.
"Ik hie it leaver oars ride wollen, mar pleatse is it belangrykst en dat is slagge op de wichtichste ôfstân foar my. Dat jout wol in bytsje lucht, mar it is dochs wol spitich", doelt de rydster fan Jumbo-Visma op it tredde plak.
Antoinette Rijpma-de Jong moast allinnich ride troch in falpartij fan Kiel
Groenewoud en Rijpma-de Jong hawwe in drok wykein foar de boech. Freed ride se beiden de 3.000 meter en sneon de 1.000 meter. Dêrneist hat Groenewoud dan ek noch de 5.000 meter en de massastart.
"Op de 3.000 meter ha ik wol hege ferwachtings", seit Groenewoud. "De 5.000 meter giet bêst goed dit seizoen, dus dat soe ek kinne moatte. De 1.000 gie ferline wike hartstikke goed, dus we moatte mar sjen hoe't dat moat. En dan de massastart noch."
Rijpma-de Jong is minder wis foar de 3.000 meter fan freed. Dat komt trochdat it oardel moanne lyn is dat se dy ôfstân foar it lêst ried. Op it wrâldbekerkwalifikaasjetoernoai pleatste se har nammentlik net foar de 3.000 meter.
Dochs mocht de Rottumse de earste wrâldbeker ride, om't der in soad ôfsizzings wiene. Mar dat wie dus healweis novimber al. "Dus dat is foar my in fraachteken."