Liveblog | 30 desimber 2023

Harm Visser wint op massa-start | Femke Kok falt | Earste NK-medalje foar Tim Prins

Yn dit blog hâlde we jo op de hichte fan it lêste nijs oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 30 desimber 2023, 17:33
sneon 30 desimber 2023
17:33

Marijke Groenewoud twadde op massastart, Irene Schouten wint

Massastart
Massastart © ANP
Marijke Groenewoud hat sulver wûn op de massastart. De Grouster gong de sprint oan, mar ploechgenoate Irene Schouten gong der úteinlik noch oerhinne en pakte de winst. Groenewoud kaam as twadde oer de streep en Esther Kiel einige as tredde.
It wie Schoutens tsiende nasjonale titel op de massastart. Sa as eins altyd wie de Albert Heijn Zaanlander-ploech fan Jillert Anema oppermachtich.
17:17

Harm Visser pakt titel op massa-start

Harm Visser
Harm Visser © ANP
Harm Visser hat de Nederlânske titel pakt op de massa-start. Hy gong in ronde foar de finish oan. Efter him gong Bart Hoolwerf hast ûnderút. Dy bleau wol oerein, mar der wie eins gjin sprake mear fan in echte sprint.
Visser wie oppermachtich yn de sprint. Sadwaande pakte hy foar de earste kear de Nederlânske titel.
Bart Hoolwerf waard twadde, Yves Vergeer tredde. Bergsma hie him ôfmelden foar de massa-start. Bergsma wie titelferdediger.
16:50

Kok falt, Rijpma-De Jong pakt sulver op de 1.000 meter

Femke Kok falt
Femke Kok falt © NOS
Antoinette Rijpma-De Jong hat it sulver pakt op de 1.000 meter. Har ploechgenoate Jutta Leerdam wie fierwei de fluchste yn 1.13,75. Rijpma-De Jong siet dêr mear as in sekonde efter.
Gewoanwei soene Femke Kok en Rijpma-De Jong it tsjin inoar opnimme, mar Kok gie nei de earste bocht ûnderút op it lange ein. Dêrtroch moast Rijpma-De Jong allinnich ride. Dat barde har tongersdei ek al op de 1.500 meter, doe't by de start har tsjinstanner Esther Kiel foel.
Helga Drost einiget as fiifde en dat hâldt yn dat se de lêste twa wrâldbekerwedstriden gewoanwei ride mei. Fan Marijke Groenewoud wiene der hege ferwachtings, om't se ferline wike by in trainingswedstriid 1.13,73 ried. Mar de Grouster waard no njoggende yn 1.16,14. Earder op de dei hie se har ek al net pleatst op de 5.000 meter.
Gewoanwei meie Leerdam, Rijpma-De Jong en nûmer trije Isabel Grevelt it EK en WK ôfstannen ride.
Foar Kok is der noch in hiel lytse kâns, mar dan moat de seleksjekommisje fan de KNSB beslute om har in oanwiisplak te jaan. Dat soe dan Grevelt har startplak koste. It is noch net wis oft dat barre sil.

Utslach 1000 meter froulju

Tiid
1. Jutta Leerdam 1.13,75
2. Antoinette Rijpma-De Jong 1.14,91
3. Isabel Grevelt 1.15,53
5. Helga Drost 1.15,77
6. Marrit Fledderus 1.15,95
7. Myrthe de Boer 1.16,00
9. Marijke Groenewoud 1.16,14
15. Anna Boersma 1.17,66
Femke Kok net finisht fanwege in fal
16:04

Prins pakt sulver op de 1.000 meter

Tim Prins, reedriden
Tim Prins © Orange Pictures
Tim Prins is twadde wurden op de 1.000 meter by it NK ôfstannen. De Jouster ferbettere syn persoanlik rekôr mei hast in heale sekonde nei 1.07,52.
De oerwinning gie nei Jenning de Boo, in ploechgenoat fan Prins by Reggeborgh, dy't ek in pr ried mei 1.07,36. It brûns wie foar Kjeld Nuis, ek in rider fan Reggeborgh.
Troch syn twadde plak hat Prins in startbewiis binnen foar it EK en WK ôfstannen. De 20-jierrige Prins debutearret op dy toernoaien.
It is foar it earst sûnt 2014 dat der in Fries in NK-medalje pakt op de 1.000 meter. Doe helle Sjoerd de Vries it brûns.

Utslach 1.000 meter manlju

Tiid
1. Jenning de Boo 1.07,36 (PR)
2. Tim Prins 1.07,52 (PR)
3. Kjeld Nuis 1.07,67
19. Jur Veenje 1.10,38 (PR)
15:20

Groenewoud falt bûten de boat op de 5.000 meter

Groenewoud
Groenewoud © ANO
Marijke Groenewoud hat op de 5.000 meter gjin medalje pakt. Se einige as fjirde en mist dêrmei in startbewiis foar it WK ôfstannen.
Joy Beune hie yn in persoanlik rekôr fan 6.52,97 de standert behoarlik heech set. Yn de slotrit moast Groenewoud it opnimme tsjin ploechgenoate Irene Schouten. Beiden giene lykop oant ûngefear healerweis, mar úteinlik luts Schouten oan de langste ein. Mei in einsprint gie se ek noch foarby oan de tiid fan Beune. Dêrtroch wurdt sy foar de fjirde kear op rige Nederlânsk kampioen.
Groenewoud hie gjin einskot mear yn de fuotten en foel sels bûten it poadium. In soad tiid om te werstellen hat se net: se rydt letter fannemiddei noch de 1.000 meter en de massastart.

Utslach 5.000 meter froulju

Tiid
1. Irene Schouten 6.49,89
2. Joy Beune 6.52,97 (PR)
3. Sanne in 't Hof 6.55,31
4. Marijke Groenewoud 6.56,80
14:37

Bentveld sechsde by wrâldbekercross Hulst

Leonie Bentveld
Leonie Bentveld © ANP
Leonie Bentveld is sechsde wurden by de wrâldbekercross yn Hulst.
De Burgumse finishte op 1.58 fan winneres Puck Pieterse.