'Studinten om utens' foar ynhâld en geselligens nei 91e Krystkongres Frjentsjer

Studinten harkje nei de sprekkers op it Krystkongres
Studinten harkje nei de sprekkers op it Krystkongres © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Fryske studinten út Grins, Delft en Wageningen komme dizze dagen byinoar yn Frjentsjer foar in Krystkongres. Neist serieuze saken is der ek in kabaretkriich en in feest yn kafee De Bogt fen Guné.
De Federaasje fan Fryske Studinteferienings organisearret it ferneamde Krystkongres alwer foar de 91ste kear. By de federaasje binne de studinteferieningen DSSFS Aldgillis út Delft, WSSFS út Wageningen en FFJ Bernlef út Grins oansletten.
It kongres hat as doel om de Fryske studinten út de grutte stêden byinoar te bringen, seit foarsitter Gerben Thijs Stilma. "Wy besykje in platfoarm te bieden foar de studinten om oare Friezen om utens te finen. It noflike is fansels om dan de memmetaal sprekke te kinnen, mar der sit noch folle mear oan fêst."

Oaren moetsje

De studinten ha it yn elts gefal nei it sin. "Neist gewoan it kulturele part is it ek in hiel soad kunde weromsjen", seit ien fan de studinten.
"Ik studearje sels yn Wageningen, mar haw troch de jierren hinne ek minsken fan Delft en Grins kennen leard. Dus ik fyn it altyd geweldich om hjir wer werom te wêzen."
Ynhâld en gessellichheid op it 91e Krystkongres yn Frjentsjer
Neist it feest en de kabaretkriich kinne de studinten ek harkje nei nijsgjirrige sprekkers.
Sa fertelt einredakteur Anton Jongstra oer syn tiid by it programma 'Wie is de Mol?' en giet keningshûssaakkundige Bearn Bilker yn op de skiednis fan ferskate keningshuzen.
Bearn Bilker fertelt oer it keningshûs
Bearn Bilker fertelt oer it keningshûs © Omrop Fryslân, Jantine Stoffers
Bauke Deelstra (foarhinne ferslachjouwer by Omrop Fryslân) is efkes werom yn Fryslân om te fertellen oer syn wurk as kristlik misjonaris yn Albanië.
De kombinaasje fan ynhâld en geselligens is hiel moai, fynt Paulien Slats. Sy sit yn de kommisje fan it kongres. "Wy ha in stikje ynhâldlik, dus mei sprekkers en in stedskuier. Mar der is ek in soad romte foar geselligens en feest yn de jûn."