IM en skipper yn heger berop yn saak-Risico

anp risico charterskip
It skip Risico wurdt de haven fan Harns ynbrocht © ANP
Likegoed it Iepenbier Ministearje as de 49-jierrige skipper fan it sylskip Risico giet yn berop tsjin de straf dy't de skipper krigen hat foar it deadlik ûngelok op de Waadsee by Skylge.
De skipper krige in taakstraf, justysje hie in finzenisstraf en beropsferbod easke. By it ûngelok op 31 augustus ferline jier kaam de 12-jierrige Tara út Den Haag om it libben. Sy wie mei har klasse op skoalreis. De skipper fan de Risico krige twa wiken lyn in taakstraf fan 150 oeren en in selstraf fan trije moannen ûnder betingst oplein.

Alden trúnje oan op heger berop

De rjochtbank ferwiet it de man dat er de keuring net op tiid dwaan litten hat, wylst der in brek yn de gyk sichtber wie. It skip hie dus net farre mochten. De rjochtbank fûn in beropsferbod net nedich.
De âlden fan Tara en har advokaat Mireille Veldman trunen nei de útspraak al oan op in heger berop. "De ouders zijn verbijsterd en kunnen dit vonnis niet accepteren. Niets brengt Tara terug, maar zo kan hij er niet mee wegkomen."
It IM seit no dat der sprake is fan "ernstige schuld, waardoor de straf hoger zou moeten uitvallen". Fierder bliuwt it IM derby dat de skipper in beropsferbod krije moat.

'Skuld ûnterjochte bewiisd ferklearre'

De advokaat fan de skipper fynt dat de rjochtbank skuld ûnterjochte bewiisd ferklearre hat. De branchenoarmen soenen nammentlik net algemien bekend wêze en ek de skipper kende se net. Neffens de ferdigening is dat de skipper ûnterjochte wol oanrekkene.
Boppedat fûn de rjochtbank it kwealik dat it saneamde 'bewijs van tuigage' ferrûn wie. Mar neffens de ferdigening makket dat gjin ferskil: de houtrot wie nammentlik net oan de bûtenkant sichtber en by in keuring wurdt der net yn it hout boarre.
It heger berop wurdt behannele troch it gerjochtshôf yn Ljouwert.