Mear as de helte fan Ljouwerter 'miniature people' ferdwûn, foarearst gjin nijen

Mear as de helte fan de rûte is fernield
Mear as de helte fan de rûte is fernield © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Kuierders yn Ljouwert kinne de kommende tiid net mear by de saneamde 'miniature people' del. Mear as de helte fan de rûte mei de lytse popkes yn de stêd is mei de krystdagen ferdwûn.
"Ik werd op tweede kerstdag geappt door iemand die de route liep", fertelt inisjatyfnimmer Michel Tilma. "Hij appte dat alles weg was. Er stonden er nog maar een paar. Het is niet eens vernield, alles is gewoon weg. Meegenomen denk ik dan."
Michel Tilma mei syn 'miniature people' yn Ljouwert
Michel Tilma mei syn 'miniature people' yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De popkes binne geregeld ûnderdiel fan rûnliedingen troch Ljouwert, mar dat kin no net mear. "Het is voor mij een ramp dat dit gebeurt, maar het is voor de bezoekers nog veel meer ellende."
Alles wat ik in vier jaar heb opgebouwd, is in twee dagen vernield.
Michel Tilma
"Verschillende mensen hebben mij gebeld uit de andere kant van het land. Ze hadden in de planning om deze dagen naar Leeuwarden te komen om de route te lopen. Nu moet ik die gaan vertellen dat de poppetjes weg zijn. Dat is toch verschrikkelijk."
No't der dizze krystdagen safolle fernield is, is de maat fol. Tilma is út it fjild slein en leaut it foarearst wol. "Alles wat ik in vier jaar heb opgebouwd, is in twee dagen vernield", seit er. "Het is de zoveelste keer dat dit gebeurt, ik ben er klaar mee."
De 'miniature people' yn bettere tiden
De 'miniature people' yn bettere tiden © Michel Tilma
It is net foar it earst dat der lytse popkes op de rûte ûntbrekke of fernield binne. Tilma hat it ôfrûne jier al meardere kearen reparaasjes útfierd of nije popkes makke. Dizze kear giet it om 40 fan de 60 popkes dy't fuort binne. "Ik wil zo graag alles weer opbouwen, maar de moed zakt je in de schoenen."
De popkes achter glês of yn in koaike sette, sjocht Tilma net sitten. "De charme was dat je een foto kon maken met de miniature people, dan kreeg je het gevoel dat je er echt bij hoort. Achter glas zou het meer een tentoonstelling zijn voor een museum. Dat is waardeloos."
Tilma kin net útslute dat it om in nijjiersstunt giet. "Maar dan zou ik het een belachelijke stunt vinden, ik ben sowieso geen fan van die stunts."