Wetterpeil yn Fryslân sakket wer: "Ofrûne etmiel 21 miljoen kúb ôffierd"

De Lauwersmar komt wol hiel tichtby sa, fan it fytspaad is net folle mear oer
De Lauwersmar komt wol hiel tichtby sa, fan it fytspaad is net folle mear oer © Lia Dijk
It wetterpeil yn Fryslân is it ôfrûne etmiel sakke. De gemalen draaie noch hieltyd folop, mar sa't it no liket kin it Woudagemaal op De Lemmer kommende freed of sneon bûten bedriuw steld wurde.
"Wy geane de goeie kant wer op", seit Hindrik Bijma fan Wetterskip Fryslân. "It wetter sakket aardich. Wy ha juster en fannacht goed spuie kinnen by Lauwerseach."

21 miljoen kúb ôffierd

It trochsneed wetterpeil yn de Fryske boezem stie tongersdeitemoarn op 41 sintimeter ûnder NAP. Dat is aardich leger as in pear dagen ferlyn, doe't it op 33 sintimeter ûnder NAP stie.
Sânsekken yn Hylpen
Sânsekken yn Hylpen © CAMJO media
"It ôfrûne etmiel is 21 miljoen kúb wetter ôffierd by Lauwerseach", jout Bijma oan. Fanwegen it tij koe in skoft net útwettere wurde.
Mei de 21 miljoen kúb wetter dy't by Lauwerseach ôffierd is, kinne 8.400 olympyske swimbaden folle wurde. Sa'n swimbad is 50 meter lang, 25 meter breed en sa'n twa meter djip.
Wetter slacht oer de kade by fakânsjepark Hylpen
Wetter slacht oer de kade by fakânsjepark Hylpen © CAMJO media
Om ferljochting te bieden draait it histoaryske Woudagemaal al mear as in wike. Sa't it no liket kin dat gemaal kommende freed of sneon bûten bedriuw steld wurde. "Dan rêde wy it wol mei it gemaal by Lauwerseach en it Hooglandgemaal by Starum."

Sânsekken

Dêr't de hege wetterstân op guon plakken yn Nederlân foar penibele situaasjes soarget of soarge hat, bliuwe de gefolgen yn Fryslân beheind. Yn Hylpen waarden woansdei noch wol ekstra sânsekken en betonblokken pleatst om in fakânsjepark te beskermjen tsjin it wetter fan De Iselmar.
Bûtendykske plakken lâns de Iselmar kinne de kommende dagen noch wol wetteroerlêst ha. Dat is yn Fryslân dan benammen sa by Makkum, Starum en De Lemmer. De hurde wyn kin it wetter dêr flink opstowe.