Liveblog | 28 desimber 2023

112-nijs 28 desimber: Persoan oerfallen en bedrige mei fjoerwapen yn Ljouwert

Yn dit liveblog hâlde we dy op de hichte fan it lêste 112-nijs yn Fryslân. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.

Lêst bywurke: 28 desimber 2023, 21:58
21:58

Gjin treinen tusken Bûtenpost en Ljouwert

Der ride hjoed gjin treinen mear tusken Bûtenpost en Ljouwert. Dit komt troch in oanriding.
20:32

Persoan oerfallen en bedrige mei fjoerwapen yn Ljouwert

Plysje docht ûndersyk
Plysje docht ûndersyk © AS Media
Der is in persoan oerfallen op de Leeuwarderstraat yn Ljouwert. It slachtoffer is troch twa persoanen bedrige mei in fjoerwapen.
De dieders hienen swarte klean oan en hawwe in tinte hûdskleur. Ien fan harren hat in swart of griis taske om. Se binne op elektryske fytsen fuortgien yn de rjochting fan it stasjon.
Der is in Burgernetmelding útjûn, wêryn't minsken oproppen wurde om by tips 112 te beljen. Minsken moatte sels gjin aksje ûndernimme as se de oerfallers tsjinkomme.
15:16

Man socht foar oerfal tankstasjon

De plysje hat bylden frijjûn fan in man dy't op freed 1 desimber in tankstasjon oan de Prof. P.S. Gerbrandyweg yn Ljouwert oerfallen hat. De oerfaller bedrige in meiwurker en gie derfan troch mei in jildbedrach.
It giet om in man mei in lichte of licht tinte hûdskleur mei in donkergrize hoodie mei kapusjon. De man hie fierder in swarte sportbroek en swart skuon oan en hie in swart skoudertaske by him.
Minsken dy't witte wa't de man is of wêr't de man nei ta gien is, meie kontakt opnimme mei de plysje.
Foto's fan de man binne te sjen op de webside fan de plysje.
14:31

Twadde fertochte oanhâlden foar stekpartij Arum

Der is in twadde fertochte oanhâlden foar de stekpartij yn Arum yn de nacht fan tiisdei op woansdei. It giet om in 56-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân. Earder wie der al in 52-jierrige frou út deselde gemeente oanhâlden.
De fertochten sitte noch fêst. De plysje docht ûndersyk nei it ynsidint.
12:46

Peil sakket wer, mar oerlêst noch net fuort

Wetter slacht oer de kade by fakânsjepark Hylpen
Wetter slacht oer de kade by fakânsjepark Hylpen © CAMJO media
It wetterpeil yn Fryslân is it ôfrûne etmiel sakke. De gemalen draaie noch hieltyd folop, mar sa't it no liket kin it Woudagemaal op De Lemmer kommende freed of sneon bûten bedriuw steld wurde.
Bûtendykske plakken lâns de Iselmar kinne de kommende dagen noch wol wetteroerlêst ha. Dat is yn Fryslân dan benammen sa by Makkum, Starum en De Lemmer. De hurde wyn kin it wetter dêr flink opstowe.
09:42

Koade giel yn Waadgebiet

De KNMI warskôget mei koade giel foar hurde wyn yn it Waadgebiet, letter hjoed. Dêr kinne hjoed swiere wynstjitten komme fan 75 oant 90 kilometer yn 'e oere. De wyn komt út súdwestlike rjochting.
Koade giel jildt fan 18.00 oere oant middernacht. De warskôging jildt net foar it Fryske fêstelân.