Op ferskate plakken yn Fryslân binne sânsekken pleatst tsjin it hege wetter

Sânsekken yn Hylpen
Sânsekken yn Hylpen © CAMJO media
Op ferskate lokaasjes yn de provinsje binne sânsekken pleatst yn ferbân mei it hege wetter. Tagelyk hâldt Wetterskip Fryslân de kearingen en de útwettering goed yn de gaten.
Yn Hylpen binne woansdei ekstra sânsekken en betonblokken pleatst om in fakânsjepark te beskermjen tsjin it wetter fan de Iselmar. Earder op de dei waarden by Makkum ek grutte sânsekken op de bûlevaar pleatst.
Wetterskip Fryslân bliuwt alert op it wetterpeil. De wetterstân berikte tiisdei it heechste punt, sa'n tweintich sintimeter heger as it wetterskip winsklik fynt. Dat it peil yn de Iselmar hast in meter heger stie, soarge foar problemen by de ôffier. Ek op de Waadsee koe dreech útwettere wurde.

"In badkûpe"

Rayonbehearder Gosse Spoelstra fertelt dat it ek by De Broek nedich wie om lytsere sânsekken del te lizzen. "Dit lege stik is in badkûpe, dêr komt it wetter omheech."
Gosse Spoelstra
Gosse Spoelstra © Omrop Fryslân
Om't der safolle reinwetter fallen is, wie de boezem ek minder goed te behearskjen. "Wy koene net goed útwetterje en it wetter is hjirhinne ôfsakke. Wy hawwe de slûzen ticht dien om it wat te kearen, mar it hâldt in kear op."
Pûden mei sân yn de tún by De Broek
Pûden mei sân yn de tún by De Broek © Omrop Fryslân
Dykgraaf Luzette Kroon seit dat Wetterskip Fryslân goed tafersjoch hâldt op de regionale wetterkearingen. "De grond is verzadigd, doordat in oktober en november ook al veel water is gevallen", seit sy. "Langzamerhand zakt het water weer een beetje omdat we weer kunnen spuien."
Dykgraaf Luzette Kroon
Dykgraaf Luzette Kroon © Omrop Fryslân
De grutte gemalen draaie noch hieltyd. "We kijken van dag tot dag wat er nodig is en wanneer we weer wat kunnen afschalen."