Skylge hoecht net fierder te sykjen: Lars (16) is ree om boargemaster te wurden

Lars Westra mei it boek dat er skreaun hat
Lars Westra mei it boek dat er skreaun hat © Lars Westra
De measte jongelju fan 16 jier sollisitearje foar in baantsje yn in supermerk of restaurant, mar Lars Westra fan Nijmegen hat oare plannen. Hy stjoert in sollisitaasjebrief nei de gemeente Skylge. Hy wol boargemaster wurde.
De 16-jierrige Westra hearde fan de bestjoerlike krisis op Skylge en it fuortgean fan boargemaster Caroline van de Pol. Kommissaris fan de Kening Arno Brok is op dit stuit op syk nei in waarnimmer.
"Ik woon zelf niet op Terschelling, maar ik kom er al sinds ik in de buik van mijn moeder zat. Ik ben er ieder jaar op vakantie geweest. Ik vind het een schitterend eiland en ik ben heel geïnteresseerd in politiek en bestuur. Dus toen ik dit zag, dacht ik: je kunt het altijd proberen."
Lars Westra skriuwt in brief
Lars Westra skriuwt in brief © Lars Westra
Westra hat hert foar de polityk: hy wurke oan ferskate aksjes by Twadde Keamerferkiezingen mei en hat ferskate kearen ynsprutsen by de gemeenteried fan Nijmegen en Provinsjale Steaten fan Gelderlân. "Ik weet hoe gemeentes werken, hoe beleid gemaakt wordt en hoe de uitvoering in zijn werk gaat."
Hy kaam ek ferskate kearen yn it nijs om't er der bot foar pleitet om bern noch folle mear in stim te jaan. Hy is ek grut foarstanner fan kiesrjocht fan 16 jier ôf.

Bestjoerlike ûnderfining

Westra hat al wat bestjoerlike ûnderfining, want hy is vicefoarsitter fan it Kinderrechtencollectief. Dat is in gearwurking tusken ferskate organisaasjes dy't har ynsette foar bernerjochten.
"Ik heb meerdere gemeenten geholpen met beleid over kinderrechten. Dat is iets waar ik mij veel mee bezig houd", fertelt Westra. "Ik heb er ook een boek over geschreven, over waarom het zo belangrijk is dat volwassenen naar kinderen luisteren."
Lars Westra oan it wurd
Lars Westra oan it wurd © Lars Westra
Sa daget er no dus ek Skylge út, al wit hy ek dat it dreech wêze sil om as 16-jierrige echt boargemaster te wurden. "Ik denk niet dat het makkelijk is, maar niet geschoten is altijd mis. Ik denk dat ik tot op zekere hoogte wel geschikt ben."
Aan de ervaring ligt het niet, wellicht aan de leeftijd.
Lars Westra oer syn kânsen
De ambysje is der yn elts gefal. "Aan de ervaring ligt het niet, wellicht aan de leeftijd." Westra sit noch op de middelbare skoalle, mar is dêr hast klear mei. "Dus vanaf eind mei ben ik beschikbaar."
It gemeentehûs fan Skylge: it nije wurkplak foar Lars?
It gemeentehûs fan Skylge: it nije wurkplak foar Lars? © Omrop Fryslân
Wat de bestjoerlike krisis op Skylge oanbelanget, moat der neffens Westra yn 't earste plak oan betrouwen wurke wurde.
"Ik ga hier niet vertellen dat ik het binnen drie weken opgelost krijg, omdat het gewoon echt een vertrouwenscrisis is. Vertrouwen is het belangrijkste als je met elkaar bestuurt. Als je je collega's niet vertrouwt, kun je eigenlijk niet het beste doen voor het eiland."

"Onbevangen burgemeester"

Just in jong persoan kin soelaas biede, sa skriuwt Westra ek yn syn sollisitaasjebrief: "Ik geloof dat bij een crisis van zo'n omvang, en zo'n diepgeworteld probleem, het noodzakelijk is om iemand te hebben die echt boven de partijen kan staan, iemand die niet onderdeel is van het probleem en met een frisse blik en positief denkend in mogelijkheden naar de toekomt kan kijken. Een jonge onbevangen burgemeester zou zo'n rol kunnen vervullen."
Foarearst binne kommissaris Brok en gemeente Skylge oan set. Westra stiet yn elts gefal yn de startblokken. "Ik wacht met spanning uw reactie af", sa beslút er syn sollisitaasjebrief.